Beheljen boargers needsaak foar slagjen Fryske enerzjytransysje

maart 19, 2020 08:54 Fernijd

Ynwenners fan Fryslân fine enerzjy en klimaat in wichtich maatskiplik tema. Goed trijefearn fynt it tsjingean fan klimaatferoaring wichtich. In soad Fryske boargers wolle in bydrage leverje oan de enerzjytransysje, mar hawwe dêr wol dúdlike plannen en stipe fan de oerheid by nedich. De oergong nei duorsume enerzjy mei net ta skea wêze fan it lânskip, fynt goed de helt fan de ynwenners fan Fryslân. Wol de Fryske enerzjytransysje slagje, dan moat de oerheid de boarger nau yn it proses behelje.

De wize wêrop is foar alle situaasjes en persoanen wer oars. It giet bygelyks om dúdlikens, (finansjele) stipe, meipraten en meibesluten of it gefoel dat de lusten en lêsten earlik ferparte wurde.

It perspektyf fan de ynwenners
Nederlân wol dat yn 2050 hast alle enerzjy duorsum wûn wurdt. Dy enerzjytransysje hat gefolgen foar eltsenien; sawol yn de wen- as de wurkomjouwing. It Frysk Sosjaal Planburo (FSP) hat ûndersocht hoe’t ynwenners fan Fryslân tinke oer de enerzjytransysje yn harren eigen provinsje. Sa’n 3000 ynwenners hawwe fia Panel Fryslân fan it FSP dêr harren miening oer jûn. Panel Fryslân is represintatyf foar de Fryske befolking fan 18 jier en âlder.

Enerzjy en klimaatferoaring wichtich tema

Ut it panelûndersyk docht bliken dat de boargers enerzjy en klimaat in wichtich maatskiplik tema fine. Goed trijekwart (78%) fynt it tsjingean fan klimaatferoaring wichtich. It ferminderjen fan it gebrûk fan fossile brânstoffen is dêrby in wichtich elemint. Froulju, minsken mei in hege oplieding en âlderen fine it tsjingean fan klimaatferoaring faker fan belang.

Noeden oer betelberheid
De oerheid wol dat yn 2050 alle Nederlânske wenningen ierdgasfrij binne. Ynwenners fan Fryslân binne kritysk oer dy plannen. Hast de helte fynt se te ambisjeus. Hja hawwe noed oer de betelberheid en it ûntbrekken fan goede alternativen. Dochs wolle in soad húseigeners wol oerstappe nei ierdgasfrij, as de oerheid mei dúdlike plannen en mei finansjele stipe komt.

Meibeslute oer it lânskip
De oergong nei duorsume enerzjy hat gefolgen foar it lânskip. In protte minsken begripe dat yngrepen yn it lânskip net foar te kommen binne. Dat betsjut net dat se dat sa akseptearje. Wichtige betingsten foar akseptaasje geane oan ’e iene kant oer it ynskeakeljen fan boaurgers: kinne se meiprate en meibeslute? En profitearje se fan de opbringsten? Dêrneist is it plak fan belang: passend yn de omjouwing, en sa min mooglik oerlêst foar omwenners.

Lês de taheakke: De sosjale steat fan de Fryske enerzjytransysje (yn it Nederlânsk)

maart 19, 2020 08:54 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.