Befolkingsûndersyk grouwetermkanker

maart 26, 2020 14:00

Skôging

Sûnt 2014 is in grutskalich ûndersyk yn Nederlân op gong brocht ûnder minsken fan tusken de 55 en 76 jier. Fansels net allegear tagelyk mar yn fazen. Earst krigen de minsken fan 75 jier berjocht en it fersyk om mei te dwaan. Dêrnei alle jierren oare leeftiidsgroepen.
Om de twa jier krije de minsken no in útnûging om ûntlêsting yn te leverjen, sadat der mei in saneamde FIT-test nei sjoen wurde kin oft der bloed yn sit. Se nimme sels thús in meunster ôf fan har of syn ûntlêsting en stjoere dat op fia de post.

De grouwe, dikke, rjochte of grutte term

It doel fan it ûndersyk is net allinne om earder en bytiids kanker oan de grouwe term fêst te stellen, mar ek de foarstadia fan dy sykte, te witten polipen dy’t karakteristyk binne foar in heech risiko op ûntwikkeling fan termkanker. It type, de grutte, it oantal en it byld, waarnommen troch de mikroskoop, binne dêr beskiedend by. By in ûngeunstige útslach wurdt de persoan foar fierdere analyze trochstjoerd nei in sikehûs. Fansels dogge alle sikehuzen yn Fryslân en de Noardeastpolder fan begjin ôf oan dat ûndersyk mei.

Ear’t sa’n befolkingsûndersyk úteinset, moat it oan in soad kritearia foldwaan om sjen te litten oft it nuttich is en doel hat. Yn 1968 binne dêr tsien kritearia fan goed en gaadlik ûndersyk foar opsteld troch Wilson en Junger. In stik of wat dêrfan binne: it moat in grut probleem wêze foar de folkssûnens, der moat in behanneling foar wêze en foldwaande foarsjenningen, net allinnich kwantitatyf mar ek kwalitatyf . Dat lêste jildt net allinnich foar de dokters, mar ek foar oar personiel, romten, foarm fan sedaasje en tarieding, opfang en transport fan materiaal. Fierder wurde hege easken steld oan de laboratoaria, yn Fryslân is dat it laboratoarium fan Pathologie Friesland yn Ljouwert.

Yn de jierren foar de úteinlike start wiene der twa proefgebieten, Nimwegen en Rotterdam, om te sjen oft it sinfol wie en helber. Mar ek oft de opkomst foldwaande wie. Dat bliek sa te wêzen. Sadwaande joech de minister doedestiids tastimming foar de start.

Wat is kanker fan de grouwe term
Kanker ûntsiet hast altyd út in beskaat soarte polyp, in kwea-aardige swolm. Dat proses kin wol sa’n tsien jier duorje. De measte polipen binne gelokkich ûnskuldich en jouwe gjin kanker.

Alle jierren krije sa’n fjirtjintûzen minsken yn Nederlân kanker oan de grouwe term en dêr stjerre sa’n fiiftûzen fan. Meastentiids wurdt de sykte pas nei it 55ste jier sichtber. De boppegrins fan 75 jier fan it befolkingsûndersyk is keazen omdat de kâns dat in polyp nei it 75e jier noch kanker jout lytser is as dat de persoan oan oare oandwaningen stjert. Dat heart wat hurd, mar it is wol de realiteit.

Sintraal wurdt it allegear regele troch it Ministearje fan folkssûnens, wolwêzen en sport (VWS) yn gearwurking mei it Ryksynstitút foar folkssûnens en miljeu (RIVM) en it Nederlânsk kankerynstitút (NKI) Anthony van Leeuwenhoek. It lân is ferparte yn fiif regio-organisaasjes. Om de kwaliteit te ferbetterjen komme der hieltyd oanpassingen yn sertifikaten, toetsen, protokollen en binne der jierlikse fisitaasjes oan de sintra. De feilichheid fan de dielnimmers en de tefredenheid fan de minsken wurdt in soad wearde oan hechte. Hast alle jierren wurde de folders en brieven foar ynformaasje wer oanpast.

De lanlike sifers oer 2018 lykje geunstich wat de opkomst oanbelanget. Yn totaal waarden 2,3 miljoen minsken útnûge om mei te dwaan. Goed 73% (1,5 miljoen) stjoerde de ûntlêsting yn. By sa’n 4,5% waard bloed fêststeld. Dat waard trochstjoerd nei in sintrum. Yn 82% fan dy gefallen waard in endoskopy útfierd. Uteinlik waard by 3.733 minsken (6%) kanker fêststeld en waarden by 36% (20.805) net-ûnskuldige polipen fûn en weihelle. By 25% waard by dat ûndersyk fan de grouwe term net safolle bysûnders fûn, mar wol bygelyks aambeien, knobbeltsjes en gefolgen fan medikaasje of bestrieling.

Konklúzje
Sa’t it liket hat dit ûndersyk doel. Hooplik wurdt der yn de kommende jierren in soad winst helle yn it tefoaren kommen fan it ûntstean fan dizze foarm fan kanker.

Matthijs Verkuijl

maart 26, 2020 14:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.