Astronomen sjogge grutste kosmyske eksploazje ea

maart 4, 2020 09:05 Fernijd

Astronomen hawwe de grutste eksploazje yn it hielal sûnt de oerknal ûntdutsen: in ûntploffing grutter as alle oare. Hja seagen net de kosmyske klap sels, mar de restanten dy’t it barren lang lyn efterlitten hat.

Foto: NASA/ESA/NCRA/2MASS/UMass/IPAC-Caltech

Mei ferskate romteteleskopen en observatoaria op ierde waard it gat yn ’e kosmyske gaswolkens op 390 miljoen ljochtjier ôfstân ûndersocht. Ien fan de astronomen ferliket it mei de ferwoastende útbarsting fan de Amerikaanske fulkaan Mount St. Helens, dy’t de top fan de berch blies en in grutte krater benefterliet. Mar yn dizze krater soene fyftjin molkenpaadstelsels op in rige passe.

De boarne fan de mega-ûntploffing wie in ûnbidich swier swart gat, tinke de ûndersikers. Hoewol’t swarte gatten bekend stean om it opslokken fan alles wat yn ’e buert komt, kin der ek materiaal weislingere wurde. Enerzjyrike dieltsjes baanden har mei de faasje fan it ljocht in wei troch it yntergalaktysk gas en lieten in ûnbidige leechte efter. De eksploazje wie net ien rappe klap, mar in proses dat faaks miljoenen jierren duorre, en waard sa tûzenen kearen grutter as soartgelikense al bekende ûntploffings yn it hielal. It gat is fiif kear grutter as de foarige rekôrhâlder.

maart 4, 2020 09:05 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jan A. Schulp maart 4, 11:29

    Net alhiel de minsklike mjitte…….

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.