Anna Gimbrère en Eva Cleven ûndersykje komôf fan ús grûnstoffen

maart 10, 2020 09:49

Sûnder stiel gjin auto of koksmes. Sûnder goud gjin trouring om ’e finger. En sûnder litium gjin akku yn ’e laptop, telefoan of elektryske auto. Dochs freget hast net ien him ôf wêr’t dy materialen weikomme en ûnder hokker omstannichheden se út de ierde helle binne.

Goudmyn yn Kolombia (foto: NTR)

Sûnder dat we derby stil stean, binne we foar hast al it guod dat wy deistich brûke ôfhinklik fan grûnstoffen. Yn de nije seisdielige NTR-searje Bodem in zicht ûndersykje Eva Cleven en Anna Gimbrère it komôf fan de wichtichste grûnstoffen. Hja dûke yn ’e wrâld efter de materialen dy’t de basis foarmje fan ús moderne bestean.

Hokker priis wurdt betelle?
Anna en Eva wolle witte hokker priis der betelle wurdt om ús huzen ferwaarmje te kinnen, ús auto’s ride te litten of mei ús kompjûter it ynternet op te gean. Wêr wurde de materialen út de grûn helle en troch wa? En hoe lang strekt de foarrie noch, of is de boaiem al yn sicht?

Eva Cleven (foto: NTR)

Goud, stienkoal, izer, mika, litium, fosfaat
Yn dizze seisdielige searje wurdt eltse útstjoering ien grûnstof ûndersocht. Wêr wurdt it foar brûkt, wêr komt it wei, en ûnder hokker omstannichheden wurdt it út de grûn helle? Eva en Anna reizgje, om en om, nei de boarne en besytsje minen dy’t trochgeans bûten ús sicht bliuwe. Mar ek besytsje se bedriuwen yn Nederlân dy’t de grûnstoffen ferwurkje ta de einprodukten dy’t wy allegear brûke. Yn hoefier binne dy produsinten dwaande mei it komôf fan de grûnstoffen en de wize wêrop’t se út de boaiem helle binne?

De searje is in spannende syktocht nei de wrâld en ferhalen efter de materialen dêr’t net ien mear sûnder kin. Yn ’e searje dogge Anne en Eva ûndersyk nei efterinoar goud, stienkoal, izer, mika, litium en fosfaat.

Utstjoering: alle tongersdeis o/m 9 april (2 april gjin útstjoering), 20.55 oere, NPO 3.

Besjoch ôflevering 1, ‘Goud’, online.

maart 10, 2020 09:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.