Amarins Geveke nije haadredakteur ‘de Moanne’

maart 24, 2020 08:11

Amarins Geveke (1974) is mei yngong fan 1 april de nije haadredakteur fan kultureel tydskrift de Moanne. Geveke is no noch direkteur fan Folkshegeskoalle Schylgeralân, presintator en gearstaller fan de talkshow IepenUP en wie earder redakteur en ferslachjouwer by Omrop Fryslân.

Amarins Geveke (boarne: de Moanne)

Amarins Geveke folget nei 17 jier Ernst Bruinsma op en wol har graach ynsette om de Moanne in grutter en wichtiger plak yn de Fryske mienskip te jaan: “It is in eare om mei te wurkjen oan sa’n moai blêd as de Moanne en ik wol my graach ynsette om mei redaksje en bestjoer nije plannen te ûntwikkeljen foar de Moanne.”

Kultureel tydskrift de Moanne
De Moanne is in tagonklik, eigentiids blêd foar en oer kultuer yn Fryslân en wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en keunsten. Sjoch ek www.demoanne.nl.

maart 24, 2020 08:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.