Alvestêdeswimtocht Stefan van der Pal giet oer
Resint ferskynd
Mei pine yn it hert hat Stefan van der Pal besletten om syn dream, de Alvestêdeswimtocht 2020 fan 2 july ôf, net trochgean te litten.
Mei’t de koroanamaatregels fan it Ryk yn alle gefallen noch oant 1 juny duorje sille, wurdt it foar him en syn tiim ûnmooglik om yn de koarte tiid dy’t nei 1 juny eventueel noch beskikber is, de tocht te organisearjen sa’t sy dy foar eagen hiene. Dêrneist binne se foar de tocht foar in grut part ôfhinklik fan sponsoaren. In protte hiene al bedraggen yn it foarútsjoch steld. Lykwols fielt it foar Van der Pal yn dizze ûnwisse en drege tiid net goed om bydragen te freegje oan ûndernimmers en bedriuwen dy’t alle seilen bysette moatte om dizze rite goed troch te kommen.
It langer útstellen fan de beslissing soe in ûnferantwurde finansjeel risiko meibringe foar de stifting, de bedriuwen deromhinne en de húshâlding fan Van der Pal. Der komt dêrom gjin nije datum yn 2020. Wol wurdt sjoen nei in eventueel ferfolch yn 2021.
Van der Pal is tige drôf dat de goede doelen fan Stichting Semmy, Make-a-Wish en Kika no net it omtinken en de finansjele stipe krije dy’t se troch it swimevenemint wol krigen hawwe soene. Van der Pal winsket elkenien in protte krêft om dizze drege rite troch te kommen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje