Aktiviteiten 75 jier frijheid yn Fryslân fersobere of útsteld

maart 26, 2020 08:22

Om de fersprieding fan it koroanafirus tsjin te gean wurdt  yn Fryslân de fiering fan 75 jier frijheid ek flink fersobere. Dat betsjut dat in protte eveneminten en aktiviteiten yn it ramt fan 75 jier befrijing yn in oare foarm trochgean, of hielendal net. De provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert sille letter besjen oft in tal aktiviteiten yn 2021 dochs noch trochgean kinne.

Foto: Wikipedia/Minister President – lisinsje CC BY 2.0

It beslút om alle aktiviteiten foar no stil te setten, oars yn te foljen of út te stellen, is net foar te kommen no’t it kabinet oant 1 juny in ferbod foar alle fergunningsplichtige en meldplichtige eveneminten en in ferbod foar hast alle oare gearkomsten oankondige hat.

‘Neat oan te dwaan’
It Befrijdingsfestival op 5 maaie, De terugkeer van Joodse kinderen, de tonielfoarstelling Skaad en it teaterstik De Joodse Bruiloft binne inkelde eveneminten dy’t dit jier net trochgean. Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok en boargemaster mr. S. Buma fan Ljouwert neame it ‘tige spitich’ en tagelyk ‘ûnûntkomber’. Brok: “It koroanafirus hâldt ús allegear yn ’e besnijing. Wy moatte der mei-inoar foar soargje dat we troch dizze krisis komme. Wy moatte ús hâlde oan rjochtlinen. Dat betsjut dat wy 75 jier frijheid no net fiere kinne sa’t wy it betocht hiene.”

Buma: “Fansels is it spitich dat in protte aktiviteiten net trochgean. Yn guon gefallen is der mear as in jier oan wurke. Mar de sûnens en de feiligens fan elkenien moat no foarop stean.” Fanwegen de fiering fan 75 jier befrijing stiene tsientallen akitiviteiten op priemmen. By guon projekten wie de provinsje of gemeente opdrachtjouwer. Provinsje en gemeente wolle de kommende tiid yn petear mei de organisatoaren om te besjen oft de inisjativen yn 2021 dochs noch trochgean kinne.

Oerlis
“Hiel Nederlân is troffen troch it firus. Om fierdere besmettingen foar te kommen moatte we kontakten mije en spitigernôch kinne de eveneminten dêrtroch net trochgean”, seit Jorrit Volkers, foarsitter fan it Bevrijingsfestival, ien fan de aktiviteiten. In mooglik ferpleatsen fan in tal aktiviteiten nei takom jier is organisatoarysk in grutte útdaging. De kommende tiid sille belutsen partijen fierder oerlizze. Dan sil der ek mear dúdlik wurde oer wat de ôfsûnderlike projekten besletten ha.

De provinsjale deadebetinking op 4 maaie sil sober wêze, sûnder publyk. Provinsje en gemeente tinke nei oer in respektfolle en passende ynfolling. Dat wurdt de kommende tiid fierder útwurke.

maart 26, 2020 08:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.