Akkrum/Nes set útein mei helpprojekt yn koroanakrisis

maart 17, 2020 10:18

Trije organisaasjes sette de skouders ûnder in doarpsbreed helpprojekt foar ynwenners fan Akkrum en Nes, dy’t op ien of oare wize de gefolgen fan de koroanafirusútbraak ûnderfine. Hja wolle praktyske stipe biede en persoanlik omtinken jaan. Pleatslik Belang, de protestantske gemeente en Doarpskeamer ED hawwe in spesjaal telefoannûmer ynsteld. Minsken mei fragen mar ek dejingen dy’t help biede wolle, kinne dêrhinne skilje.

Foto: Persbureau Noordoost/Alex J. de Haan

It doarpsinisjatyf borduert fierder op de aktiviteiten fan de Protestantske Gemeente Akkrum, dy’t syn eigen netwurk hat as it om geastlike stipe en praktyske help giet. Pleatslik Belang en Doarpskeamer ED hawwe yn it doarp ek harren eigen kontakten. De trije inisjatyfnimmers wolle de ynwenners fan Akkrum en Nes bewege om yn harren eigen strjitte nei mooglike helpfraach te sjen.

“It giet net allinnich om persoanlik omtinken foar minsken, mar ek hiel praktyske saken lykas boadskipje, medisinen helje of in putsje dwaan”, fertelt wurdfierder Eelco Sixma. De inisjatyfgroep kiest der bewust foar om gjin medyske help en bygelyks berneopfang te regeljen, want “dêr soargje de oanbelangjende ynstellings foar.”

Minsken dy’t help nedich hawwe of help biede wolle, kinne terjochte op it mobile nûmer 06 – 17556605. Hja komme terjochte by de leden fan de inisjatyfgroep, dy’t om bar de telefoan beheare. Helpfragen wurde trochspile nei frijwilligers.

Helpfraach? Skilje nei: 06 – 17556605.
doarpskeamer.ed@gmail.com | info@pgakkrum.nl

maart 17, 2020 10:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.