Aant Mulder: Op jins alve-en-tritichst

maart 17, 2020 07:50

Kollum

Op jins alve-en-tritichst Fryslân troch. Safier is it noch net, mar it giet de goede kant út. De útdrukking betsjut dat men dêr de tiid foar nimt. It ûnderstelde komôf fan dy útdrukking makket it allegearre fansels helte nijsgjirriger. It soe tsjutte op it stadige oerlizzen fan de Steaten fan Fryslân. Dat wiene de ôffurdigen fan de alve stêden en tritich gritenijen. It hâlden fan gearkomsten hold gauris gâns wat hinne en wer reizgjen yn en dus ferge it in protte tiid om besluten te nimmen. Dy útlis sprekt my wol oan, hoewol’t ik wol wit dat der in oare en faaks krektere ferklearring foar is. Stadich reizgje dus, dêr hâld ik it op. Ik tink oan hynder, hynder en wein en oan de trekskûte! Dat sille doedestiden de ferfiermiddels west ha en dat gie dus net botte hurd. Underweis hiene de minsken tiid om by te praten en om har hinne te sjen.

Sûnt ha we ynset op hieltyd hurder ferfier. Dy iene hynstekrêft, dat binne der algeduerigen mear wurden. Ik tink oan it spoar, dêr’t de ein noch net fan yn ’t sicht is, it fleantúch, dêr’t itselde foar jildt en de motor en de auto fansels. It giet hieltyd om hurd-hurder-hurdst. Yn oare lannen, lykas Dútslân, kinne we sjen hoe’t dat giet en hokker gefolgen dat hat. Us regear woe dêroan meidwaan. Yn ús lân rieden we dêrom al 130. Dat begûn allegearre yn 2012. No koe dat net rûnom, dat der wiene gâns wat útsûnderingen. It jilde fansels allinne foar de sneldiken, de autodiken. Op oare diken bleauwen 100, 80 en 60 de limyt. Hawar, wy meie no dus net mear hurder as 100 km, no ja oerdei dan, nachts (tusken19.00 jûns en 6.00 moarns) feroaret der neat. Dan bliuwt 130 mooglik. Spitich, krekt as is der dan gjin stikstof. Dêr giet it ommers allegearre om.

By 130 op autodiken hiene sjauffeurs amperoan de tiid om de ferkearsbuorden en de oare buorden oan de kant fan de dyk te sjen. Ik hoopje op twa dingen. It soe yn it foarste plak moai wêze as we troch wat stadiger te riden wer wat mear omtinken foar de eigen omkriten krije. Fryslân is ommers moai, mar wa sjocht soks as men mei 130 ûnderweis is? Dan hâldt it op mei de ferkearsbuorden en oare buorden oan ’e kant fan de dyk. Guon seagen de brune buorden lykas dy fan de Noardlike Fryske Wâlden, it Drintsk Fryske Wold, de Waadsee of it boerd mei it ir. D.F. Woudagemaal noch krekt. Mar dy fleagen dy prachtige gebieten en gebouwen sels foarby. Wy wiene mei-inoar te hastich wurden om it ús op sokke mominten oan tiid te dwaan. Faaks dat dat no wat feroaret. Ik moat der fansels net al te hege ferwachtingen fan ha, want, it giet te uzes mar om in pear autodiken. De A6 en 7 en de A31 en 32 as ik it goed ha, en dan giet it ek noch mar om stikken fan dy diken. It wurdt sadwaande in hiele toer om tsien minuten langer ûnderweis te wêzen.

Troch minder hurd te riden, sjogge we mear fan de omkriten.
Wy witte sa  hieltyd faker de moaiere plakjes yn de eigen provinsje te finen.

Mar der is mear goed nijs. De provinsje Fryslân lit yn him omgean om de faasje op oare diken ek oan te passen. Guon 100-kilometerdiken soene werom kinne nei 80. Sjoch, dat set seadden oan ’e dyk. Sokke diken ha we ommers gâns fan. Wy hawwe al aardich wat 60-kilometerdiken. Ik begryp tagelyk dat de kâns grut is dat troch dizze feroaringen guon sjauffeurs foar oare rûten kieze en sa de eigen provinsje ris fan in oare kant besjogge. In provinsje dy’t ûnderwilens allinne mar moaier wurdt. Wy ferspriede ommers minder stikstof. Dat moatte we sjen kinne. Minder stikstof moat betsjutte dat de natuer moaier wurdt, fleuriger en kleuriger! No’t we ek troch oare omstannichheden – ik tink oan koroana – nei alle gedachten samar minder reizgje, minder fier ôfsette en dus nei alle gedachten faker thúsbliuwe, ha we de kâns om, wylst we it ús oan tiid dwaan moatte, de eigen provinsje opnij te ûntdekken. Troch minder hurd te riden, sjogge we mear fan de omkriten. Wy witte sa hieltyd faker de moaiere plakjes yn de eigen provinsje te finen. It regear makket it sadwaande mei dizze maatregel mooglik om de eigen natuer en dus ek de eigen kultuer wer te ûntdekken. En wat ha we hjir prachtige mooglikheden.

As we it dochs oer natuer en kultuer ha en Fryslân mear sintraal stelle, moatte we dêr fansels de Fryske taal ek yn behelje. Fuort mei de wurden as autosneldiken en maksimumsnelheid. Mei snel hat 100 km ommers neat mear te krijen. Wy kinne werom nei de Fryske wurden lykas: fluch en hurd en as it moat hastich en mei gong. Faasje en feart as it om snelheid giet. In snelheidsbeperking kinne we gewoan fan sizze, dat der net hurder riden wurde mei. In snelweg kin wer gewoan autodyk neamd wurde. Wy kinne ek noch wol oerdriuwe as we dat wolle: kûgelsfeart, de dyk del stowe, mei feart en faasje. Dat binne allegearre wurden dy’t yn it Frysk Wurdboek steane. Wurden lykas sneldyk, snelferkear en snelheid steane der net yn, mar wol yn ’t lettere Frysk Hânwurdboek. Dy kinne dêr no om my wol wer út.

Sa besjoen kinne we ynnommen wêze mei it feit dat de faasje beheind wurdt ta 100 en ta 80 kilometer. It komt yn myn fyzje de Fryske natuer, taal en kultuer te’n goede. Wy krije wer tiid om efter it stjoer of mei-inoar yn de auto te sjongen. Ik wit wol in ferske om mei te begjinnen: It feintsje fan Menaam en dan it fjirde kûplet: ‘Sjoch ik in bliere faam, ik ryd der net mei feart bylâns.’ No sa, net mei feart, mar fleurich en op jin alve en tritichst de provinsje troch.

foto’s Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 14 maart yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
maart 17, 2020 07:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.