Aant Mulder: Dwerse tinkers, wêr binne se bedarre

maart 24, 2020 08:49

Kollum

Yn dizze moanne fan de boekewike hear en lês ik fan alles oer de ‘boekenweek’ mei ‘boekenweekgeschenk’ Leon en Juliette fan Annejet van der Zijl. Dat boekje is te krijen foar wa’t foar € 15 oan boeken keapet. Hast itselde jildt foar it ‘boekenweekessay’ Generaal zonder leger van Özcan Akyol, Dat essay giet oer de fraach wêr’t de opstannige en dwerse tinkers ûnder de skriuwers bedarre binne. Dat boekje is foar € 3,75 te krijen. Beide, boekewikegeskink en boekewike-eassay wiene aardich yn it nijs.

Fryslân docht op eigen wize mei oan de boekewike, dy’t duorje sillen hie fan 7 oant en mei 15 maart. De organisaasje dêrfan leit by Boeken fan Fryslân fan de Afûk. De boekewike is troch de koroanakrisis ferlinge oan ein maart ta. No’t biblioteken ticht binne en hieltyd mear boekhannels dat foarbyld folgje, kinne we wol stelle dat de boekewike foarby is. Boeken fan Fryslân hie in grut ferskaat oan literêre jûnen hâlde wollen. Dêr is dus net folle fan op ’e hispel kommen. It is net oars. It nijsgjirrichste ûnderdiel fan de boekewike is fansels it boekewikegeskink. Mei wat fan teloarstelling ha ik diskear opnij it ‘boekenweekgeschenk’ yn de Fryske oersetting oantúgd.

It wurdt al gewoan om dat kadootsje yn it Frysk oer te setten. As ik it goed ha, binne se dêr yn 2018 mei úteinset en dat betsjut dat it fan ’t jier al foar de tredde kear sa dien wurdt. It begûn allegearre mei Gezien de feiten fan Griet Op de Beeck dat troch Jetske Bilker oerset waard. Yn 2019 waard dat wer sa dien. Jetske Bilker sette opnij it boekewikegeskink De jas van belofte fan Jan Siebelink oer. En no gie it dus om Leon en Juliette fan Annejet van der ZIjl. Dat waard oerset troch Baukje Zijlstra. Wy ha hjir te krijen mei twa betûfte skriuwers dy’t dy boekjes oersetten. Jetske Bilker hat al namme makke mei eigen boeken as Imitaasjelear en It libben fan in oar. Sy hat sels al earder it boekewikegeskink skreaun. Dat wie Oar plak oare tiid yn 2004. Baukje Zijlstra kenne we allegearre wol fan de yn 2018 útkommen roman Koma-korrektor.

Mar ja, in orizjineel Frysktalich boekewikegeskink sil wol te djoer wêze,
om’t der nei alle gedachten hieltyd minder fan ferkocht wurde.

Wy ha dus wol skriuwers dy’t sels in boekewikegeskink skriuwe kinne. Ik neamde Jetske Bilker al, mar der binne mear dy’t dat yn it ferline bewiisd ha. Ik neam in pear: Trinus Riemersma mei Bretagne libre (1998), Benny Holtrop mei Gomorra (1999) en Akky van der Veer mei Kuneara (2000). Wat doe koe, moat no ek kinne, dêr bin ik fan oertsjûge. Ik tink oan skriuwers dêr’t ik koartlyn noch wurk fan lêzen ha, lyks Ale S. van Zandbergen, Nyk de Vries, Ferdinand de Jong, Thys Wadman, Sieuwe Borger. Mooglikheden genôch. Mar ja, in orizjineel Frysktalich boekewikegeskink sil wol te djoer wêze, om’t der nei alle gedachten hieltyd minder fan ferkocht wurde. Te folle jild en ynspanningen foar te min lêzers, sa sil it wol wêze. Oersette en mear talen brûke, dat wurdt dêrom grif de moade.

Der barre op dat mêd mear frjemde dingen. Ik neam efkes in hiel oar foarbyld. Wy wolle graach dat it Frysk foar alle sjenres brûkt wurde kin. Dat is sa njonkelytsen wol aardich slagge. Likegoed hiene we noch gjin Fryske ‘boeketreeks’. Alteast, dat wie sa. Sûnt koart wol. Wy ha no sa’n boekje dat yn dy rige past: Leafde yn Ljouwert. It is likegoed hast sjenant om te fertellen hoe’t dat boekje der kommen is. De man dy’t it skreaun hat, die dat ûnder de skûlnamme Fleur van Ingen. Wy moatte dus tinke dat in frou it skreaun hat. Dat is noch net alles. Dy Fleur van Ingen, sil ik mar sizze, hat dat boekje yn it Nederlânsk skreaun. Dêrnei hat Martsje de Jong it yn it Frysk oerset. Dus wer in oersetting!

Dat der hieltyd minder Fryske boeken ferkocht wurde hat neffens my in pear oarsaken. Wy ha der mei-inoar te min jild foar oer. Ik tink oan subsydzjes en sa. Der wurdt ek te min dien oan it buorkundich meitsjen fan nije boeken. Eartiids hiene we BoekeNijs, dat twa kear jiers ferskynde en rûnom fergees te krijen wie. Dat joech moaie oersjoggen fan âldere en nijere boeken. Sûnt is dat der net better op wurden. It falt op dat ús Fryske skriuwers hieltyd faker wurk oersette en it eigen wurk yn it Frysk en it Hollânsk útjouwe. Mar oft it dêr better fan wurdt? Ik leau der neat fan. Sy geane yn alle gefallen mei yn de waan fan de dei. It moat allegearre twatalich of noch leaver meartalich. Dat lêste, dêr is Baukje Wytsma har Silke en Miss Dee in goed foarbyld fan.

Ik tink dat der lykwols noch in probleem is. It boekewikegeskink is oerset, it ‘boekenweek-essay’ Generaal zonder leger fan Özcan Akyol net. Dat liket my net tafallich ta. Akyol sit deroer yn dat der hieltyd minder opstannige en dwerse skriuwers binne. Dat der hieltyd minder skriuwers binne dy’t wat losmeitsje, dy’t diskusje oproppe, misstannen beneame. Dat jildt foar Fryslân hielendal. De tiid dat skriuwers diskusje oprôpen, de tiid fan bygelyks Anne Wadman en Trinus Riemersma, liket foargoed foarby te wêzen. It essay Generaal zonder leger oer opstannige en dwerse tinkers hie dêrom oerset wurde moatten. Wat foar Hollân jildt, jildt helte mear foar Fryslân. It giet om de ynhâld en net om de ferpakking. Kom mei ûnderwerpen dy’t derta dogge, ûnderwerpen dy’t reaksjes oproppe. Skriuwers kom op, wurdt opstannich en wurdt dwerse tinker! Dat ha we nedich!

 

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 21 maart yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

maart 24, 2020 08:49
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Abe de Vries maart 24, 15:38

    It hat net folle doel om ûnwennich te wêzen nei tiden dy’t noch taboes hiene om te trochbrekken. Wat mist, is in analyse fan de tastân: hoe komt it dochs dat al dy skriuwers har deljouwe ûnder it bewâld fan de kultuersubsidiearders, prate as it net hoecht en stil binne as se opspatte moatte? De Fryske skriuwerij is yn de hobbyfaae bedarre. Tekenjend is al dat de provinsje wol in kultuer- mar gjin keunstnota hat. Net noadich. Wy moatte gewoan in pear lju hawwe dy’t in ferske skriuwe as de fonteinen wer iepengean. Dy’t krityk hat, wurdt weiset as kwerulant, negearre, of bedarret op it sydspoar: rop mar wat, we rule this country. En de Fryske literatuer libbet ommers as in hert, lês ik dan wer earne, sjoch ris hoefolle ‘dichters’ oft der wol net skriuwe en optrede! Tsja. It is mar watfoar bril jo ophawwe. As de Moanne in nije haadredakteur siket, litte se Oeds Westerhof de sollisitaasjeproseduere dwaan en dan komt der fansels immen út ’e bus dy’t men fan it sirkwytsje al goed ken, ûnderfining mei it meitsjen fan blêden net fereaske. (Noat: ek by de Fryske beweging tinke se dat dat lêste net noadich is om in magazine op poaten te setten.) Je soene der moedeleas fan wurde. Wat je net wurde, want der binne oare soargen tsjintwurdich. Lit de dwerse tinkers mar gewurde – dy binne yn dizze provinsje oerstallich.

  2. jangerben maart 24, 18:35

    Goed skreaun Abe.

  3. Gerrit van der Meer maart 26, 08:46

    Net allinne de Fryske skriuwers kinne fan harren Frysktalige skriuwerij net libje, dat jildt ek foar de measte Hollânsktalige skriuwers, dy’t net libje kinne fan harren haadwurk. Sûnder ‘by te klussen’ mei kollums en sa is it foar de measte auteurs net mooglik ‘fan de pinne’ te libjen. En wat dy opstannigens oanbelanget: dêr hat Abe in punt: as der gjin taboe is, is it ek lêstiger om dwers te lizzen.

  4. Kerst Huisman maart 26, 10:10

    Abe wurdt fuort betsjinne, nei syn opmerking oer de sollisitaasjeproseduere foar de nije sjef-redakteur fan de Moanne. Bestiet dat blêd dan noch? Sjoch yn It Nijs hjir fierderop wa’t de nije baas wurden is. It regardearret my fierders net, want ik haw it abonnemint fan de Moanne al jierren lyn opsein. Sûnt negearje ik it. Fandêr ek myn fernuvering dat it der dochs noch is. Ik gniis allinnich mar by sok nijs.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.