Aant Mulder: De linebeammen yn Balk
Resint ferskynd
Kollum
Ferline wike binne 32 beammen – linebeammen – bylâns de Luts fuorthelle. Dat waard dien om’t de wâlkanten fan de Luts op guon plakken yngeand oan ûnderhâld ta binne. Dêrby giet it benammen om de Riedhússtrjitte tusken Teernstrabrêge en Ossebrêge. It is de bedoeling dat de fuorthelle beammen it takomme jier, as it wurk dien is, weromset wurde. Dêrom binne se tydlik krekt bûten Balk op in stik lân oan de Jachthavendyk delset. It is logysk dat de beammen no fuorthelle binne. Dêr is it de tiid foar. Likegoed duorret it noch in skoftke foar’t de wâlkant opnij opmitsele wurdt. Dat hat wer te krijen mei it seizoen, dat de boatsjes troch de Luts farre. Dat moat fansels trochgean. Dat wurk oan de wâlkanten wurdt dêrom yn de hjerst dien. Dat it hat alle kâns dat takomme winter of betide maitiid de beammen weromset wurde. Ik bin benijd om te sjen oft dat allegearre slagget. Der wurdt yn alle gefallen genôch flyt op dien.
It is moai om te sjen dat it sa giet. Dat ynset wurdt op it behâld fan de monumintale beammen fertsjinnet kompliminten. Ik begryp dat ek de kar foar nije beammen makke wurde kinnen hie. It binne ommers âlde beammen en dat is goed te sjen. Moai dat dy kar net makke is. De linebeammen moatte skoften ferlyn plante wêze yn de tiid dat de Raadhuisstraat noch gewoan Wikelerside neamd waard en de oare kant, de Van Swinderenstraat, Harichsterside. Dy beide nammen passe goed by it ûntstean fan Balk tusken Wikel en Harich yn. Ik freegje my ûnderwilens ek ôf hoe âld oft de beammen no krekt binne en hoe âld se eins wurde kinne. It soe skande wêze as de beammen te âld wêze soene om alle gedoch te oerlibjen. Dêr lês ik net folle oer, neat eins.

De linebeammen oan de Riedhússtrjitte (no fuorthelle). Foto Aant Mulder
De webside www.langsdeluts helpt my aardich fierder. De linebeammen moatte yn de maitiid fan 1785 plante wêze. Dat is in moai skoft lyn. Dat betsjut grif dat guon fan dy beammen sa’n 235 jier âld binne. De folgjende fraach is fansels hoe âld oft sokke beammen wurde kinne. Dúdlike antwurden fyn ik net, mar faker as ien en twa kear lês ik dat ûndersteld wurdt dat linebeammen samar tusken de fjouwer- en fiifhûndert jier wurde kinne. De linebeammen bylâns de Luts ha dus noch takomst. Moai dat it dêrom sa dien wurdt. As ik fierder sykje, begryp ik dat de grûn op de plakken dêr’t de beammen kamen te stean gewoan by de huzen oan Wikeler- en Harichsterside hearde. Dat docht tinken oan de oertunen yn Drylts. Ik fyn it hiel bysûnder dat alle bewenners, en dat wiene der sa’n 36, meiwurke ha oan it plantsjen fan de linebeammen yn in kreaze rige bylâns de Luts. Om dat mooglik te meitsjen stiene de bewenners stikken grûn oare kant de dyk ôf, dêr’t hieltyd twa of trije beammen stean koene. Dat dwaan fertsjinnet grut respekt.
Yn de tiid fan de Germanen en Kelten wie de linebeam in hillige beam,
dy’t letter sjoen waard as in soarte fan beskermer fan huzen en tsjerken.
Dy tiid om 1785 hinne wie in bysûndere tiid. It wie de tiid fan de patriotten. Dat wiene de lju dy’t genôch hiene fan de steedhâlders, fan Willem V dus. De patriotten woene sels ynfloed ha, sels meikedize. De eksersysjegenoatskippen wiene dêr in goed foarbyld fan. Dat rûn nei 1789 (Frânske Revolúsje) spitigernôch út op it ynheljen fan de Frânsen, dy’t te uzes frijheid, likensens en bruorskip bringe soene. It betsjutte de flecht fan steedhâlder Willem V nei Ingelân ta en it begjin fan de Frânske tiid. Ik tink sadwaande dat it plantsjen fan de linebeammen, it mei-inoar sels de dingen dwaan, goed yn dy tiid paste. De bewenners fan doe koene fansels net foarsjen, dat troch it tanimmende ferkear yn de beide strjitten, de drokte op it wetter en de helte mânsker wurden beammen geregeldwei in protte omtinken jûn wurde moast oan ûnderhâld fan diken en wetter. Dat de gemeente noch hieltyd alles docht om yn stân te hâlden wat de ‘Buur Voogden’ Ygram Hanses en Jakle Jans Poppes doe yn ’e mande mei dy 36 bewenners realisearre ha, ha ’k in protte wurdearring foar.
In oare fraach dêr’t ik mei tangele sit, wol ik ek neame. Wêrom waard foar linebeammen keazen en net foar oare? Dat hat grif te krijen hân mei de skiednis fan de linebeam. Yn de tiid fan de Germanen en Kelten wie de linebeam in hillige beam, dy’t letter sjoen waard as in soarte fan beskermer fan huzen en tsjerken. It wie in goede beam, dêr’t sels plechtichheden ûnder holden waarden. De linebeam komt fierder foar yn heraldyske wapens, yn de muzyk en de literatuer. Ik moat tinke oan Maaie fan Herman Gorter yn de oersetting fan Klaas Bruinsma, mar as ik dat lês dan wurde de linebeammen net neamd, mar foar myn gefoel stiene se der wol. Yn dat lietsje fan Fedde Schurer, de kanon dy’t we hast allegearre noch wol kenne, Moarn sille we de hjouwer slaan, moarn de skeaven bine wurdt de linebeam wol dúdlik neamd yn de sin: Justerjûne seach ik har ûnder de âlde line. Dat bringt de goede beam en de leafde wer byinoar.

De linebeammen oan de Van Swinderenstrjitte (Alvestêdetocht foar ‘oldtimers’, maaie 2019). Foto Aant Mulder
De Balksters sille doedestiden de kar foar de linebeam makke ha om’t dy maklik foarmen krije kin, dy’t goed by de dyk pasten. Ik kom ferskate mooglikheden tsjin: etaazjelinebeammen, stobbelinebeammen, leilinebeammen. Dêrom waard de linebeam grif yn in grut ferskaat oan oare doarpen en stêden plante. Sleat is sa’n foarbyld. Dy beammen binne lykwols minder âld. De linebeam is troch de jierren hinne hieltyd mear in doarps- en leanebeam wurden. It is moai dat de neiteam fan de ‘Buur Voogden’ opnij de kar meitsje foar de âlde linebeammen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje