Aant Mulder: De boargemasterske of de boargemaster

maart 10, 2020 07:13

Kollum

Ik bin in fêste lêzer fan It Nijs. Dêr steane eins altyd wol dingen op dy’t ik net misse wol. Ik fyn it ek hiel aardich dat dy ornaris yn geef Frysk steld wurde. Sa kin men sjen hoe’t in taal skreaun wurde moat. Wat my oanbelanget heart dat yn alle gefallen de stavering fan 2015 te wêzen en mei de foarkarsfoarms dy’t dêrby hearre. Mar goed, ik wit dat oaren dêr wolris oars oer tinke. It Nijs en de meiwurkers fan It Nijs besykje tagelyk it taaleigen heech te hâlden. Fan en ta kom ik hiel nijsgjirrige dingen tsjin.

Dat begjint al mei opfallende oantsjuttingen as Ferdivedaasje, Siedend Nijs, Waarpraatsje. Mar ek yn guon artikels wurdt de taal orizjineel brûkt. Ik tink oan: griemerij, geredendiel, hingelwolken. Sa no en dan wurdt weromgrepen op âlde en faaks ferâldere wurden. In inkelde kear binne dat wurden dy’t neffens my net mear kinne. Dêr wol ik it oer ha. Ik behein my ta ien hiel nijsgjirrich foarbyld, dat ferline jier in pear kear foarby kaam: ‘Haachske boargemasterske hat dochs út eangst oanstekken te hege brânsteapels ynskikt’ en ‘De boargemasterske ferwiisde mei har sizzen nei …’.. It giet my diskear fansels om it haadwurd: boargemasterske.

Mei it wurdsje boargemasterske sit ik daliks middenyn de beneamingen fan de beroppen foar manlju en froulju en de diskusje dy’t we dêroer ha kinne. Yn dizze tiid fan genderneutrale gedrachsregels kin it meitsjen fan ûnderskied samar ferkeard falle. Wy witte allegearre noch wol dat de NS oerstapte op ‘achte reizgers’ en dat ‘dames en hearen’ dus mar better ‘bêste minsken’ wurde kinne. Dat betsjut dat wy der goed oan dogge om sekse (natuerlik geslacht) en genus (grammatikaal geslacht) mar safolle mooglik bûten it ferhaal te hâlden. Wy binne allegearre gelyk, alteast sa wolle party lju graach dat de dingen beneamd wurde. Dêr is wat foar te sizzen. Wy kinne dan gewoan altyd en oeral deselde foarmen brûke: boargemaster dus, mar ek learaar, studint, skriuwer en gean mar fierder. Likegoed doocht dat fansels net. It binne ommers fan komôf de manlike foarmen. En wa’t sa docht, moat konsekwint wêze, fyn ik. Dy moat dus ek prate oer prins Amalia en kening Maksima. Nuver, mar alles went.

Likegoed brocht it wurd boargemasterske my werom nei âlde tiden, de tiid dat de man foar it wurk stie en de frou de húshâlding die. Doe koe it ta mei: boer, túnker, fisker, skipper, bakker, studint, sjauffeur. Der wiene eins mar in pear froulike beroppen: skoaljuffer, ferpleechster (suster), konduktrise en sa. As se trouden wiene se foar it grutste part of sels hielendal de frou fan de man mei in berop. Yn guon gefallen waarden se dêr ek nei neamd. De frou fan de dominy waard pastoarske of dominyske, de frou fan de smid smidske en dus ek kastleinske, dokterske, masterske en de frou fan de boargemaster dus boargemasterske. Wat foar de útgong -ske jildt, jildt yn guon gefallen ek foar de útgong -inne. Foarbylden: boerinne en bakkerinne, dat binne de frou fan de boer en de bakker. Sy hiene by It Nijs dus efkes oer de holle sjoen, dat in boargemasterske net in boargemaster wie, mar de frou fan in boargemaster.

Ik fyn it nuver dat yn it lettere Frysk Hânwurdboek (2008)
fan dy âlde ske-foarmen hast hieltyd beide betsjuttingen weromkomme.

Of dochs net. As ik guon wurden opsykje yn it Frysk Wurdboek slacht de twivel ta. Dêr wurde út en troch beide mooglikheden neamd: de froulike foarm fan it berop en de frou fan. Ik fyn it nuver dat yn it lettere Frysk Hânwurdboek (2008) fan dy ske-âlde foarmen hast hieltyd beide betsjuttingen weromkomme. Dat jildt yn alle gefallen foar: boargemasterske, dokterske, dominyske, kastleinske, skipperske en smidske om mar in stikmannich foarbylden te neamen. It is tagelyk apart dat it net by alle -ske en -inne foarmen sa is. It jildt nei alle gedachten net foar: bakkerske/bakkerinne, boerinne, masterske, pastoarske. Dy wurde allinne mar neamd as de frou fan. Hawar, it betsjut dat ik It Nijs in komplimint meitsje moat. It binne ommers neffens it Frysk Hânwurdboek foarmen dy’t kinne. Dat boargemasterske iroanysk bedoeld is, wol ik no net oer seure.

By froulike beroppen komme útsoarte ek faak froulike útgongen efter de nammen fan dy beroppen. It giet om útgongen dy’t mear en minder produktyf west ha. Foarbylden: -e (studinte), -ster (skriuwster), -esse (sekretaresse). Sa kinne we manlike en froulike beroppen neistinoar sette. Ik lês yn guon boeken dat de -ske útgong ferâldere is en dat dy gauris sels in iroanyske en/of negative klank krige hat. Dêr moatte we wol om tinke as we de beroppen gewoan neutraal beneame wolle. Twa foarbylden dêr’t út bliken docht dat we it oer in ferâldere útgong ha: D.A. Tamminga yn Op ’e taelhelling II: oer it efterheaksel –ske, “Ja, men kin fierder gean en úthâlde dat it yn ’e libbene folkstael wol op stjerren nei dea liket.” (bls. 55) Hy neamt ek noch hiele moaie foarbylden, lykas notariske, bysitterske (frou fan de wethâlder), siktariske, mar ek weinmakkerske, mûnderske en sels rintenierske. It oare foarbyld fûn ik by J. Boersma en G. van der Woude yn Spraeklear II: “-ske : tsjinnet as oantsjutting fan: de frou fan…. masterske, pastoarske, smidske, kastleinske. Dit efterheaksel begjin tige yn ûnbrûk to reitsjen.” Ik ha it oer sitaten út 1973 en 1975. It hat der dus alles fan dat it Frysk Hânwurdboek en It Nijs beide besykje âlde foarmen yn nijere betsjuttingen werom te bringen of fêst te hâlden. Dat is moai, mar tagelyk te let, om’t ûnderskied tusken man en frou eins net mear neamd wurde mei.

Yllustraasjes: Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 7 maart yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
maart 10, 2020 07:13
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jangerben maart 10, 18:26

    Sis Aant,de frou fan in arbeider hast net neamd, dat stie net yn it boek fan Tamminga tink.Oant sechtiste jierren ta hat dat op in soad plakken noch : Ít ‘wiif ‘ west, de boerinne waard dan oansprutsen as de frou.
    In kreas stikje fan dy.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.