Aant Mulder: Bern ha der rjocht op

maart 31, 2020 10:26

Kollum

Der waard de lêste jierren wakker demonstrearre, omtinken frege foar Frysk op skoalle. Dat is no fansels efkes net oan ’e oarder. Dat hat te krijen mei it feit dat skoallen sletten binne, dat der gjin gearkomsten mear holden wurde kinne en dat we eins ek net mear de dyk út meie. It is dêrom ek net in ûnderwerp foar in kollum. Sa tocht ik der alteast earst oer, mar likegoed is der nijs oer dat ûnderwerp, nijs dat omtinken fertsjinnet. Ik doel op it feit dat Fernand Varennes, de rapporteur fan de Feriene Naasjes, him begjin dit jier wer útsprutsen hat oer ûnderwiis yn de minderheidstaal. Hy wol ha dat dat in minskerjocht en dus in bernerjocht is. Dat stiet te lêzen yn syn notysje ‘Education, language and the human rights of minorities. Hy skreau, as spesjale rapporteur foar de minskerjochten, dy notysje foar in gearkomste fan de Feriene Naasjes dy’t koartlyn holden waard.

Varennes is dus dúdlik yn syn notysje: ûnderwiis yn in minderheidstaal is in minskerjocht. Hy neamt de Italiaanske regio Súd-Tirol as foarbyld fan in regio mei in eins lykweardige situaasje foar Dútsk- en Italiaansktaligen. Ik fyn dat moai om te lêzen. Wy ha dêr ferline jier noch west. Doe foel it ús al op dat beide talen omtinken krije. Ik kin yn syn notysje oer it Frysk spitigernôch gjin konkrete útspraken fine. It is dúdlik dat  Súd-Tirol wat dat oanbelanget fierder is as wy binne. Sokke rapporten binne wol nijsgjirrich, mar tagelyk witte we dat soks ús net bot foarút helpt. Dêr ha we al te folle rapporten fan te folle ynstânsjes foar ûnder eagen hân. Wy moatte it sels dwaan. En, wat wier is moat sein wurde, ik hie tocht dat dat in pear jier lyn heve soe.

In pear jier ferlyn. Ik doel op dy fantastyske demonstrative SisTsiisgearkomste dy’t doe op tongersdei 22 desimber 2016 op it Saailân yn Ljouwert holden waard. Omdat ik tocht dat it heve soe, ha ’k derhinne west en meidien. Dat dêr hiele diskusjes oan foarôfgien wiene en dat it gâns ferget om sa’n demonstrative, ynformative gearkomste te hâlden, dat wist ik doe net. Letter hearde ik mear oer SisTsiis en harren Doch- en Tinkgroep. Ik begriep doe ek dat de aksjes foar Frysk op skoalle holden waarden om’t Frysk op skoalle in minskerjocht, in bernerjocht, wêze moatte soe. Dy tongersdeitejûns tocht ik en ik net allinne: no trochsette.

Wer oaren woene faker op ’e dyk demonstrearje.

Dat trochsetten, dat is der net echt fan kommen. Ik wit dat minsken fan alderhande slach om ’e tafel sitten ha. Rûchwei foel en falt dy groep minsken yn trije groepen útinoar. Guon woene de wei fan it rjocht gean, krewearje foar Frysk op skoalle as bernerjocht. Dy woene dat útsykje en dêr, as it moatte soe, yn de rjochtseal foar stride. Oaren tochten oan wer in grutte gearkomste lykas dy yn desimber organisearje. Wer oaren woene faker op ’e dyk demonstrearje. Dy groep wie en is fan betinken dat It moai wêze soe as dat yn groepen kin. As de kniper op ’e skine komt, soene dy dat ek yn lytsere groepen of sels mei mar in pear minsken dwaan wolle.

Oer hoe’t it fierder moast, waard dus ferskillend tocht. Wy ha oan de ferskillende foarmen meidwaan kinnen. Wa’t net meidien hat, hat der grif oer lêzen of fan heard. It wie tagelyk ôfgryslik spitich dat troch de diskusjes oer dy gong fan saken de ienriedigens fan de dielnimmers op ’e eftergrûn rekke. Om in hiel ferhaal koart gear te fetsjen: guon betochten aksjefoarmen dy’t oaren en dan benammen de minsken dy’t foar de wei fan it rjocht keazen net noasken. Dat late ta ferskillende besteande en nije situaasjes: fan FFU (Feriening Frysk Underwiis), BAST/SisTsiis (Boarger Aksjegroep SisTsiis) mei Doch- en Tinkgroep en in stichting SisTsiis. Allegearre wolle se krewearje foar Frysk op skoalle, mar fan en ta kieze se ferskillende rûten. Dat is spitich, mar sok dwaan liket tagelyk wol typysk Frysk te wêzen, tink ik wolris.

Sûnt it begjin binne BAST/SisTsiis, ornaris yn ’e mande mei it FFU aardich warber. Wy kenne sa njonkelytsen allegearre wol de struibrieven, de spandoeken, de hege huodden. Moai dat se dat sa dogge. It is likegoed spitich dat we fan dy oaren dy’t foar de prinsipiële diskusje oangeande Frysk as in bernerjocht keazen ha net folle, sis mar neat, mear hearre. Ik ha begrepen dat dat te krijen hat mei de soarte fan manifestaasjes dy’t hâlden wurde of wurde kinne. Dat is spitich. Dat fûn ik al earder, mar no mei de notysje fan Varennes yn ’e hannen fyn ik dat opnij. Ik soe de minsken dy’t it foartou yn dy prinsipiële diskusje hiene en faaks noch ha, dy’t dêrta sels in stichting oprjochte ha, oproppe wolle om dat trajekt fuort te setten, wát oaren ek dogge.

foto Aant Mulder

Ik doch dy oprop om’t Varennes eins seit dat it Frysk in minskerjocht is en dat Frysk op skoalle dus gewoan wêze moatte soe. Underwilens betink ik dat it ûnderwiis der nei de koroanakrisis wolris oars útsjen kinne soe as dêrfoar. Krekt yn tiden fan feroaringen moatte we krewearje foar Frysk as minskerjocht, bernerjocht, om’t soks oars maklik ûndersnijt. Kom mei de stipe fan Varennes fan de Feriene Naasjes yn aksje. Foar no moatte we wolle dat skoallen it Frysk ek digitaal goed oanbiede, sadat heit en mem thús mei de bern goed en systematysk foarút kinne. En stichtingsleden fan SisTsiis moatte tagelyk foar Frysk as bernerjocht stride!

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 28 maart yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

maart 31, 2020 10:26
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Abe maart 31, 23:44

    Ik bin it úteinlik wol iens mei Aant, mei wat er oan ‘e ein seit, mar as skiedskriuwer fan SisTsiis sjit er jammerdearlik de planke mis. Ik ha net foar in oare rûte keazen as dy’t al op ‘e tafel lei: it spoar fan de minskerjochten én it spoar fan aksjes en demonstraasjes, mar dy dan wol sa min mooglik yn in flachjeswaaierskontekst fan Fryslân boppe. Mar aksjes foar ûnderwiis yn it Frysk. Wa’t it ferskil net begrypt, hoecht net fierder te lêzen. Us aksjebegryp kaam lykwols net oerien mei, sa sil ik se no mar neame, de Slach by Warns-partij. Dy’t net begripe koenen dat har Frysk-nasjonale ynstek net goed past by it spoar fan minskerjochten. Sa sit it en net oars. Wy ha de rjuchting oanjûn en wilens haw ik gjin nocht mear om te besykjen alle betterwitters achter ien idee te krijen. O ja, ik bin ek ûnder de yndruk fan de ‘aksjes’ dy’t SisTsiis nei de brek betocht en útfierd hat. Net dus. Mar tenei hâld ik my wol by it skriuwen fan stikjes.

  2. Rommert april 1, 11:23

    Mear as ien aksjefoarm tagelyk liket my hielendal net ferkeard, krekt oarsom.Se folje inoar oan. Uteinliks moatte de feroarings komme fan ûnderhanlings mei oerheden, mar om dêr druk op te hâlden is iit goed as der ek “lûden út de maatskippij” binne dy’t yn ‘e selde rjochting geane. Faaks mei radikaler doelstellings, neat op tsjin.

  3. Johannes Rozenga april 2, 10:28

    Rommert, tinksto wier dat in sintraal regear wat docht foar oare talen dan it Nederlânsk? Sok tinken is nayf en liedt ta neat. VVD, D’66 hawwe belang by ien taal en it CDA by ien Bibel yn in selde taal. Alle leararen yn Fryslân moatte gewoan Frysk leare, lêze en skriuwe, dan kinne sy goed les jaan. Dêr moat it barre. En fansels like folle oeren as oan Nederlânsk jûn wurdt.Fryske boeken binne der by de rûs, dat elkenien kin safolle Frysk lêze as hy/sy wol.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.