Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 37

maart 7, 2020 07:00 Fernijd

Troch de beammen

Kollum

‘Us’ Frans Timmermans besiket Europa efter syn plan Green Deal te krijen. Mocht dat oannommen wurde, dan komt der 1000 miljard euro frij foar programma’s dy’t ta de reduksje fan CO2 liede. Nederlân rint hieltyd meer efterop yn de race nei in duorsume mienskip yn Europa. It liket der ek op dat de rjochterlike útspraak yn de Urgendasaak it winnen fan duorsume enerzjy net genôch ferhastigje sil.

It is frjemd dat krekt Nederlân sa dreech by steat liket om in kopposysje yn te nimmen. Der binne wol redenen foar oan te fieren dy’t typysk foar ús lân binne: wy hawwe gjin opslachmarren en gjin grutte ferskillen yn eb en floed. Wy hawwe in tige tichtbefolke lân en dus minder romte foar grutskalige wyn- en sinneparken, mar dan noch… wy binne wol ien fan de rykste lannen en wy binne in lân fan útfiners, dochs?

De measte inisjativen lykje op dit stuit fan ûnderen op te kommen en binne net of amper it gefolch fan wetjouwing. Der wie bygelyks in skoftke lyn in prachtich inisjatyf by in feehâlder by Wergea, dy’t syn dak oan bewenners yn ’e buert beskikber stelt foar sinnepanielen. Fantastysk fansels, mar in tige lyts dripke op de gleone enerzjyplaat.

En no ûntstiet krekt yn Fryslân in grutte swierrichheid: it elektrisiteitsnet rekket fol! Mear as de helte fan de grutte inisjativen foar wyn en sinne kinne no al net mear oansletten wurde. By wenten spilet dat aldergelokst net, mar der is sa no en dan te folle stroom, dy’t net mear troch de te tinne kabels transportearre wurde kin. Is sil jierren duorje ear’t dat wer op oarder brocht wurde kin. Wa sjocht troch de beammen de bosk noch? En is kabelferswierring wol de bêste opsje? Dy fraach moat fan ’t jier beäntwurde en oplost wurde, oars bliuwe we yn alle gefallen it minste jonkje fan ’e klasse.

Wêr gie it eins ek al wer oer? Yndied: de útstjit fan CO2. Minder útstjitte is de opdracht… of fêstlizze fan CO2. Fêstlizze kin troch ûndergrûnske opslach yn lege ierdgasfjilden bygelyks. Mar ek troch biomassa groeie te litten. Gjin wûnder dat yn it plan Timmermans opnommen is: it oanplantsjen fan twa miljard beammen. In sinnepark komt de útstjit fan sa’n 400.000 kg CO2 de hektare tefoaren, in gemiddeld Europeesk bosk mei leafbeammen sa’n 8000 kg de hektare it jier. In faktor 50 ferskil! In sinnepark liket dus better. Mar it is mar krekt hoe’t je it besjogge: it bouwen fan gebouwen mei dat hout laat ta it definityf fêstlizzen fan dy CO2 en dêr wurdt ek nochris it brûken fan beton, stiel of aluminium mei tefoaren kommen. In behoarlike dûbbelteller dus.

It is dus wis dat it oanlizzen fan bosken leannet en dat hat noch folle mear foardielen. Natuer, bioferskaat, mar ek noflike omkriten om yn te wenjen.

Hearre we dêr mear fan? Dat is wol wis. Yn de útstjoering fan it tv-programma Tegenlicht yn desimber fan ferline jier waard sein: “De houtbouwer hat de houtgeast út ’e flesse helle.”
Houthannel Willie fan Berltsun learde ús eartiids al: Het hout nooit op!

Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.

 

maart 7, 2020 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.