Ynternasjonale Dei fan de Memmetaal

febrewaris 22, 2020 16:34
Juster, freed 21 febrewaris wie it de Ynternasjonale Dei fan de Memmetaal. Willem Riemersma skreau by gelegenheid dêrfan ûndersteand stik op Facebook. Us fraach oft wy dat ek op It Nijs publisearje mochten, hat Riemersma posityf op reagearre. Redaksje It Nijs.

Ouwe Syl

’t Is hjoed de Ynternasjonale Dei fan de Memmetaal, foar my ’t Frysk. Maar ’n Haitetaal hè ’k ok: ’t Bildts.

EN FOOR ’T BILDT SPROKEN, WANNEER BINNE JE DAT AIGENLIK, ’N ‘ECHTE’ BILKERT? D’r waren ’n hut leden op ‘’t Bildt soa at ’t waar’ ferskaidene mînsen die’t met deen hewwe an ’n paar fan myn kwisfragen út ’t talespul EUREGUA over ‘t Bildt en hur toen betiden soawat ferôntskuldigden dat se niet ’n ‘echte’ Bilkert waren.

Over kwessys fan taalkundig, etnys, histoarys en geografys bepaalde definisys fan idintiteit binne in ’e loop fan 100 jaar sware internasjonale wetenskaplike diskussys foerd en studys ferskenen, met temînsen drie hoofdrichtingen in ’e meningen en nag ’n batterij onderfarianten. En in polityk ferband waren en binne d’r deur útsluting striderasys en over de wereld hine ok oorlogen foerd.

Met ‘t Bildt het dut allemaal niet te maken. Foor geweld al gehelendal niet. De gedachte allenig al. Ik bin d’r nooit opkommen om der bij ‘t ‘Bildts aigene’ ok in de feerste feerte maar an te dinken. Maar ’t begryp ‘echt’ fyn ‘k in gún fan die reaksys út ’t Bildt dochs wel ‘echt’. In ’e sin fan autintyk. Wanneer ‘t je ‘t wel as niet binne.

Fan 1675 ant 1854 waar foor 6 generasys Riemersma de onderlinge ôfstand in Menameradiel tussen de dorpen 3 ant maksimaal 6,5 km. Toen kwam d’r foor 3 generasys ’n stap fan 7,5 km fan Menaam na Froubuurt en nag ’n paar km feerder naar Ouwe-Syl. 275 jaar lang konnen de Riemersma’s nanders kerktorens met goeie ogys en niet te feul bomen in ’e weeg dus sien. Ik weun nou feerder weg as alle Riemersma’s derfoor. In Feanwâlden……

As Bilkerts binne wy Riemersma’s dus ok ‘maar’ import, wou ‘k met dut ferhaaltsy maar sêge. Pas fan 1882 ôf, as krekt eerder, toen ‘t pake Willem syn hait Sjerp fan Menaam na Froubuurt te weunen ging. Ôns foorouders waren gyn bedikers út Súd-Holland, ok dat nag niet eens.

En wy gingen in 1961 fan Ouwe-Syl naar Luwt. En dochs bin ik ok na 1961 ok ’n Bilkert. Niet groats op wat je self niet deen hewwe of in ‘e macht hewwe, maar wel goed wiis met ‘t Bildt en ‘t Bildts.

De mînsen die’t niet út ‘t Bildt komme, mar hur der te weunen set hewwe, weune der faak al -tig keer langer at ik d’r weund hè. En at dy nou hur bêst deden en doene om ‘t Bildts te ferstaan, en om ’t te lezen, en ‘t de moeite wirg fine om ‘t Bildts te behouwen, fooral ok nou’t de bestuurlike gemeente ’t Bildt opheven is, dan bin ‘t dochs ‘echte’ Bilkerts, om dat woord dan dochs maar te bruken. Al hew ‘k der al gehelendal niks over te sêgen en ferbeeld ik my dat ok niet. Ok dat wou ‘k maar efys sêge.

Yn it boek ‘Rückkehr nach ‘Lemberg’ of ‘Galicische wetten’ – beide oersettings fan de Ingelsktalige bestseller ‘East West Street’ oer Lemberg/Lvov/Lviv fan de Britse minskerjochtenadfokaat en pleiter op ynternasjonale tribunalen Philippe Sands – moannet de auteur om by ferbûnens mei in ‘groep’ – nei syn wurden – nea út it each te ferliezen dat der tagelyk it risiko is om fan oaren te ferfremdzjen yn beheind groepstinken.

Ien ding mis ik dan doch by Sands: dat lytsere ‘groepen’, oft it no taalgroepen of folksgroepen, Bilkerts (yn ’t Frysk: Biltkerts), Friezen, Biltske Friezen. Fryske Bilkerts, Bildtfriezen, en groepen oer de wrâld giet: WAT LYTS IS, MOAT YNEARSTEN TROCH GRUTTEREN OM TOCHT WURDE. Op eachhichte, út rjocht fan minsklikheid, dêr’t Philippe Sands syn fak en ropping fan hat. Soks helpt it ferbinen, yn alle opsichten. Neffens my.

Dat ’t Frysk en ’t Bildts maar blive mâgge! En inoar stypje dêr’t it mar kin!

 

febrewaris 22, 2020 16:34
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes Rozenga febrewaris 22, 16:44

    O, ja, it Frysk is myn memmetaal en Fryslân myn heitelân en ik wenje op ‘t Bilt. Op de Âldebiltdyk, in better plak is der net.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.