WNF: helte minder wylde bisten yn iepen gebieten

febrewaris 6, 2020 09:42

Yn iepen gebieten as heidegrûnen en op it boerelân is it oantal wylde bisten yn tritich jier tiid mei yn trochsneed  de helte tebekrûn.

Foto: Wikipedia/MReptileZ – publyk domein

Op hege sângrûnen, lykas de Feluwe, binne der sels santich persint minder bisten as yn 1990. De weromgong treft foaral fûgels, reptilen, flinters en oare ynsekten. Stikstof út de lânbou is de wichtichste oarsaak, stiet yn in rapport fan it Wrâldnatuerfûns Nederlân. Om it jier bringt de organisaasje yn kaart hoe’t it it mei de natuer yn Nederlân giet. Dit jier is spesifyk sjoen nei de gefolgen fan stikstof foar bistepopulaasjes.

Fûgelsoarten as de kuorhoanne en de heidehipper wurde slim bedrige, de sânhipper en de beamljurk lije neffens it WNF ûnder de stikstof. Slachtoffers ûnder de flinters binne de lytse heideflinter en it gentiaanblauke. Under de reptilen giet it  min mei de libbenbernjende gerskrûper.

Yn bosken is gjin weromgong te sjen. Dêr binne de bistepopulaasjes yn trochsneed stabyl. Yn gebieten dêr’t stikstofdelslach de ôfrûne jierren sakke ta hast it nivo, dêr’t natuer gjin skea by oprint, blykt de omfang fan bistepopulaasjes mei 24 persint groeid te wêzen. It tal blauspjochten, boskûlen en swartkopmiezen is tanaam.

Foar it WNF is dat it bewiis dat ferbettering mooglik is, yn de iepen natuergebieten dy’t no it meast te lijen ha fan de gefolgen fan stikstof ek. It WNF wol petearen oangean mei boeren oer natuerfreonlike omrinlânbou. Der moat ek oan wurke wurde dat de natuer fearkrêftiger wurdt, bygelyks troch natuergebieten mei-inoar te ferbinen.

febrewaris 6, 2020 09:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.