WK Frysk! en WK kandidatetoernoai Frysk damjen 2020

febrewaris 29, 2020 09:25

Fan tiisdei 3 oant en mei snein 8 maart wurdt yn Frjentsjer it ynternasjonaal tinksportevenemint Fryslân Iepen 2020 organisearre. Foar it earst yn de skiednis fan it Frysk damjen wurdt in kandidatetoernoai holden. Mear as tritich dammers meitsje harren op om de krêften te mjitten. Hja komme út Ruslân, Wyt-Ruslân, Oekraïne, Tsjechië, Italië, België, Nederlân en yn it bysûnder út Fryslân. Under harren binne mearfâldige wrâldkampioenen, mar ek nije talinten fan noch gjin tweintich jier.

Foto: friesdammen.nl/frl/home

Under de dielnimmers is tsienfâldich en hjoeddeisk wrâldkampioen damjen Alexander Georgiev út Ruslân. Hy is faaks de meast mearsidige dielnimmer, in multytinksporttalint: hy is ek noch wrâldkampioen op de 64 fjilden en in begenedige skaker. Hy wûn it amateurskaaktoernoai yn 2019 yn Hoogeveen. Ferline jier waard er dield earste yn it Grutmastertoernoai. Yn 2018 ferlear er yn ’e finale fan wrâldkampioen Marten Walinga.

De organisaasje nûget minsken dy’t it toernoai of in part dêrfan bywenje wolle fan herten út. It toernoai bestiet út ferskate ûnderdielen. In wiidweidich programma mei taljochting is te finen op de webside www.frisiandraughts.com (klikke op 3 maart 2020 – 8 maart 2020; dêrnei klikke op it ferkoarte programma of it folsleine programmaboekje om de pdf del te heljen).

febrewaris 29, 2020 09:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.