Watze trout mei syn leafste

febrewaris 1, 2020 09:30 Fernijd

Ferhaal

Foto: pixabay.com

Nynke Hemstra waard yn Koudum oars as de oaren besjoen. Har heit wie jiskeman. Hy helle de hússmoargens op en ferwiksele de húsketontsjes. Op skoalle wiene der bern dy’t net neist Nynke sitte woene. Neffens harren stonk Nynke. Nynke hie dêr faak lêst fan. It foel ek net ta om hast alle dagen hearre te moatten dat je in stjonker binne. As se dêr thús ris wat oer sei, hie har mem it andert klear: ‘Binne se wer ris jaloersk. Heit is amtner fan de gemeente. Sjoch mar, op syn pet stiet it gemeentewapen.’ In protte treast joech dat Nynke net. Doe’t se wat âlder waard, betocht se dat se der mar mei libje moast. Simentsje fan Geale, de bokkehâlder, krige soks ek wolris te hearren.

Nynke waard tolve jier. Har skoaltiid wie foarby. Sa as it wenst wie, waard Nynke faam by in boer. Hast alle jierren hie se in oar plak. Doe’t se twaentweintich jier wie, kaam se as grutfaam yn tsjinst by Rimer Havenga. Op 12 maaie ferhuze se nei de pleats oan de Syl. Der wiene guon dy’t Nynke warskôge hiene. Rimer Havenga stie bekend as in goede baas, mar Richtsje, syn frou, moasten je rekken mei hâlde. Dy fielde har as hie se it heft allinne yn ’e hannen. Se waard yn it doarp ek wolris de keninginne neamd.

Dan wie der ek noch Havenga syn soan, Watze. Nynke en Watze hiene mei-inoar nei skoalle gien. As Nynke wer ris narre waard, kaam Watze foar har op.

Nynke rekke gau thús by de Havenga’s. Wol wie se it somtiden net mei frou Havenga iens. Mar har mem hie har leard dat je it mei ûnderdienich te wêzen in hiel ein brochten.

De ûngetiid briek oan. Op in moarn ûnder it brochje-iten sei Havenga dat it him goed talike dat Nynke en Watze nei de seize giene om te swyljen. Dat moast mei de hân, want mei de swylmasine slagge dat net. Se krigen kofje mei. Se giene oan it wurk. Wylst se dwaande wiene prate Watze deroer hoe’t se tegearre in medalje wûn hiene op it Keninginnefeest. Nynke sei dat se dat net mear wist. Faaks dat har mem dy noch earne bewarre hie. Se giene neistinoar op it polderdykje sitten te kofjedrinken. Doe’t se wer oan it wurk soene, luts Watze Nynke oerein. Hy hold har eins langer fêst as soks nedich wie. Doe’t Nynke him freegjend oanseach, glimke er nei har.

It waard hjerst. Havenga en ’e frou wiene te jûnpraten. Watze en Nynke wiene allinne thús. Se sieten foarinoar oer. Se praten wat oer wat se op skoalle belibbe hiene. Watze sei dat er yn de heechste klasse ris fereale west hie, op in bernige wize fansels. Mar somtiden moast er dêr wer oan tinke. Se hiene inoar fersein dat, as se grut wiene, wis mei-inoar trouwe soene. Nynke krige troch wêr’t Watze op doelde. Se hiene tegearre, sûnder dat harren âlden it wisten, ris út fytsen west. Se moast der no om laitsje, mar doedestiids hie se it foar earnst opnommen. Se wiene yn in boskje lizzen gien en sa hie se har earste tút krige. As se der letter wer ris oan tocht, hie se it healwiis fûn. Stel je foar. In soan fan in boer troud mei in dochter fan in jiskeman.

‘Wy hawwe no ús ferstân krige, Watze. Doe wiene we noch bern.’
‘Nynke, dat kinst no wol sizze, mar by my is dat eagenblik yn myn ûnthâld hingjen bleaun. Sa no en dan op bêd liket it oft ik dy wer fiel. Dat is hieltiten sterker wurden no’tsto sa ticht by my bist.’
‘Dat is ûnmooglik. Dyn heit is boer en myn heit wurdt troch in protte minsken skoudere. Hy is mar jiskeman.’
‘Dat hat foar my noait wat útmakke. Sûnder boeren wie der neat te iten, mar sûnder jiskemannen kamen we yn ús eigen smoargens om.’
‘Sille we deroer ophâlde, Watze?’
‘Ast dat graach wolst, dan dogge we dat, mar ik freegje dy wol om deroer nei te tinken.’

Nynke slepte dy nacht net sa goed. Hieltiten kaam dat byld fan dat boskje har wer foar de eagen. Se hiene beide tolve jier west. Sy hie ierryp west. It hie field oft se ynderlik yn ’e brân stien hie. Se hie him oanmoedige om de hannen by har ûnder de klean te stekken. Se hie in hiel skoft de sensaasje derfan somtiden noch fiele kinnen.

Watze wie ek oars as oars. Hy belibbe wat doe yn dat boskje bard wie ek wer op ’en nij. Hy hie it deltwinge kinnen, mar fan ’e jûn wie it wer nei boppen kommen. Hy moast en soe har no feroverje. Hoe, wist er noch net. Mar hy wie der noch hieltiten wis fan dat Nynke en hy trouwe soene.

Sa stadichoan kamen Nynke en Watze neier ta inoar. Op in middei wiene se tegearre oan it wurk. Ynienen gie Watze foar Nynke stean.
‘Ik moat dy wat freegje. Hasto ek sa’n langst nei my as ik nei dy?’
‘Ja, dat hast goed ret. Ik wol graach wer meimeitsje wat we tegearre belibbe hawwe yn dat boskje.’
‘Fannacht kom ik by dy yn ’t bedstee.’

It bleau net by dy iene nacht. Nynke sei al ris dat se mei in gefaarlik spultsje oan ’e gong wiene. Watze lake dat wei. Oant doe’t Watze wer neist har lizzen gie. Nynke like yn ’e war te wêzen.
‘Is der wat mei myn pop?’
‘Do wurdst aansten heit. Der groeit in berntsje fan ús beide yn my.’

Watze moast der de oare dei hieltiten oan tinke. Hy moast it syn âlden – en foaral syn mem – fertelle. Dy seurde him de kop gek mei har oantrúnjen om nei Himmelum te gean. Se hie it fêst yn ’e holle dat er trouwe soe mei Aaltsje fan Melle Bollema. Se hie it útrekkene dat Bollema hie likefolle kowerútsjes as sy. Hy wist ek dat as syn mem har sin net krige, de wrâld te lyts wie. Se hie alris sa temûk tsjin him sein dat je net ûnder je stân trouwe moasten. Aaltsje kaam ek út in boerelaach. Boeren hearden mei fammen út in boerelaach te trouwen.

Richtsje murk ek dat der wat by Nynke feroare. Se moast maatregels nimme. Dy kâns krige se. Op in tiisdeitemoarn sei Rimer dat er nei Snits ta gie. Hy woe ris sjen oft er in gaadlik hynder fine koe. Watze wie mei de jongerein op in ekskurzje. Se hie it ryk allinne. Se rôp Nynke.
‘Bisto swier, Nynke?’
‘Hawwe jo dat sjoen? It is sa. Ik draach jo beppesizzer.’
‘Ik jou dy in oere om de doar út gean. In ferliedster kin ik net brûke. Hjir hast dyn lean foar dizze wike en út goedichheid krigest ek noch twa hûndert gûne.’

Nynke fytste Koudum yn. Se hearde efter har in auto. Dy hold neist har stil. Se wie yn ’e war, mar seach wol dat dokter Maas foar har stie.
‘Fan ’e middei om fjouwer oere komst by my. Jantsje wie oant it wurk yn de foarkeamer en hat alles heard wat frou Havenga mei dy úthelle hat. Ik kaam har alhiel oerstjoer tsjin. Se hat my ferteld wat der krekt bard is.’

Doe’t Rimer wer thúskaam foel it him op dat Nynke der net wie. Hy sei der mar neat oer. Se soe wol wer opdaagjen komme. Efkes letter kaam Watze wer thús. Hy rûn op syn mem ta en frege: ‘Mem, wêr is Nynke?’
‘No, dat kin ik dy fertelle. Ik haw dyn ferliedster nei it jiskelân stjoerd.’
‘Ik gean har efternei. As der gjin plak foar har is, is der ek gjin plak foar my.’
Dat gie Rimer te mâl. Sa behannelet men folk en jins eigen bern net, mar om de leave frede te bewarjen, sei er der mar neat oer. Se moasten ynearsten mar ris ite, tocht him.

Swijend hiene se tegearre iten. Doe seach Rimer dat de auto fan dokter Maas it hiem op ried. Dokter kaam deryn.
‘Wat bringt jo hjir, dokter?’
Dokter Maas gie der by sitten. Hy hold Richtsje foar wat se mei Nynke úthelle hie. Dy kaam mei har ferhaal dat Watze mei Aaltsje trouwe moast en Nynke hie derfoar soarge dat der in behindering kaam. Dokter frege oft se wol wist oft Watze wier op Aaltsje fereale wie. Se sei dêrop dat it wizânsje wie dat in boeresoan mei in boeredochter troude. Doe gie it Rimer te mâl. Fyntsjes murk er op dat Richtsje har heit toukeapman west hie. Se rûn it petear in skoft troch. Dokter krige syn nocht fan dat der omhinne praten. Hy stelde foar dat Watze en Nynke sa gau as it koe trouden en dat se in hûs yn de buorren krigen.

Dokter syn rie waard opfolge. Se trouden net salang dêr nei.
In heal jier letter waard Watze út syn wurk op de pleats ophelle. It wie mei Nynke safier. Efkes letter hie er syn soan yn syn ’e hannen. Nynke lei der glimkjend nei te sjen. It blyk fan harren leafde wie der. It jonkje waard nei de beide pakes, Rimer Jehannes neamd.

Abe Westra

febrewaris 1, 2020 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.