Wa’t jild hawwe wol foar it Frysk, moat nei de Proeftún meartaligens

febrewaris 13, 2020 21:49

Dy’t in grut projekt organisearje wol dat te krijen hat mei it Frysk of Nedersaksysk, dy kin de helte fan ‘e kosten weromkrije fan de oerheid. Fiif provinsjes en it ministearje fan ûnderwiis, kultuer en wittenskip hawwe de saneamde proeftún meartaligens opset. It doel is om minsken mei it taalferskaat yn Noard- en East-Nederlân yn oanrekking te bringen. Hjoed waard it projekt yn Grins presintearre.

De inisjatyfnimmers binne Goffe Jensma en Anne Popkema, dy’t kolleezjes Frysk jouwe oan de Ryksuniversiteit Grins. Organisaasjes sûnder winstdoel kinne projekten betinke om wat mei meartaligens te dwaan. Betingst is wol dat it projekt op syn minst fiiftûzen euro kostet. It yntsjinjen fan projektfoarstellen is mooglik oan 1 maart ta. Fan ‘t simmer is der in twadde mooglikheid om projekten yn te tsjinjen. As men gearwurket mei organisaasjes yn ferskate provinsjes, kin men mear subsydzje krije.

Mear ynformaasje en in oanfraachformulier foar subsydzje binne te finen op it webstee fan de provinsje Grinslân: link.

febrewaris 13, 2020 21:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.