Waarpraatsje: Winterske buien

febrewaris 25, 2020 19:08

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wurdt lang om let dochs noch in hiel lyts bytsje wintersk. It is in pear dagen wat kâlder en der falle buien.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. Der kinne ek inkelde winterske buien falle, miskien wol mei heil, tonger en wiete snie. De wyn is swak oant matich en komt út it súdwesten. By de kust lâns stiet  in frij krêftige oant krêftige weste- oant noardwestewyn. De temperatuer leit om de 3 graden hinne.

Woansdei is de loft berûn en falle der winterske buien. De weste- oant noardwestewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns krêftich. It wurdt 5 graden, mar yn buien is it in stik kâlder.

Tongersdei feroaret der net folle oan it wat winterske waar.

Jan Brinksma

febrewaris 25, 2020 19:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.