Waarpraatsje: Sneon ‘rêstich’, snein stoarm

febrewaris 7, 2020 17:41

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie freed in hiel kreaze dei mei in soad sinne. Sneon is de loft berûn en reint it sa út en troch. Snein; súdwesterstoarm!

Yn ‘e nacht fan freed op sneon rekket de loft berûn. De wyn komt út it suden en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. Yn it Waadgebiet wurdt de wyn krêftich. De temperatuer leit om de 3 graden hinne.

Sneon is de loft berûn en letter kin it sa út en troch wat reine. De wyn giet yn ‘e moarntiid nei it súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. It wurdt 9 graden.

Snein stiet der in súdwesterstoarm. Boppedat is der in hiel grutte kâns op swiere oant tige swiere wynstjitten fan mear as hûndert kilometer yn ’e oere. It wurdt ek in tige wiete dei.

Jan Brinksma

febrewaris 7, 2020 17:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.