Waarpraatsje: Snein tige myld, wiet en rûzich

febrewaris 14, 2020 19:03

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie freed in hiel kreaze dei mei sa út en troch ek noch wat sinne. It wykein sil ritich wêze. Foaral snein wurdt it striemin waar.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is de loft berûn en der soe sa út en troch wat rein falle kinne. De wyn komt út it súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit om de 4 graden hinne.

Sneon is de loft berûn en kin it earst noch wat reine. Yn de jûn kin der op ‘e nij wat rein falle. De súdwestewyn hellet geandewei oan en is yn ’e jûn boppe it fêstelân frij krêftich oant krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar hurd mei kâns op swiere wynstjitten. It wurdt in graad as 10.

Snein wurdt in strieminne dei mei rein en in krêftige oant hurde, miskien wol stoarmige, wyn út it súdwesten. Der is boppedat kâns op swiere wynstjitten. Mei 10 oant 13 graden is it wol tige myld foar de tiid fan it jier.

Nei it wykein bliuwt it ritich, mar it wurdt wol wer wat frisser.

Jan Brinksma

febrewaris 14, 2020 19:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.