Waarpraatsje: Slûzen ticht, koade oranje; stoarm

febrewaris 8, 2020 19:51

De slûs by Broek; hjir noch iepen. foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It begûn sneon noch kreas mei sinne, mar letter (sto)reinde it sa út en troch. Snein wurdt in tige rûge dei. Wetterskip Fryslân hat de slûzen by Broek en Goaiingaryp fanwegen de stoarm sletten. It KNMI hat koade oranje ôfkundige. Der stiet snein in súdwesterstoarm.

Yn ‘e nacht fan sneon op snein binne der opklearringen en bliuwt it drûch, mar letter yn ‘e nacht rekket de loft berûn. De sude- oant súdwestewyn wurdt matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. De temperatuer leit om de 4 graden hinne.

Snein is de loft berûn en reint it sa út en troch. Yn ‘e rin fan ‘e moarn wurdt de wyn krêftich en by de kust lâns stoarmich. Der is boppedat kâns op swiere wynstjitten. Yn ‘e middei binne der wynstjitten fan boppe de hûndert kilometer yn ‘e oere. By de kust lâns stiet dan in súdwesterstoarm. It wurdt 9 graden.

Warskôging: Snein súdwesterstoarm mei in hiel grutte kâns op tige swiere wynstjitten fan mear as hûndert kilometer yn ‘e oere. Advys; bliuw thús!

Jan Brinksma

febrewaris 8, 2020 19:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.