Waarpraatsje: Rûzich

febrewaris 10, 2020 18:39

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Der stie moandei noch in hiel stik wyn en der foelen ek inkelde pittige buien. It bliuwt foarearst rûzich waar.

Moandeitejûn giet de wyn nei it westen en hellet er wer oan. Boppe it fêstelân wurdt de wyn krêftich, by de kust lâns stoarmich, miskien wol efkes stoarm. Der is ek kâns op inkelde buien. Rûnom yn ‘e provinsje binne der ek sa út en troch swiere wynstjitten.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei wikselje wat opklearringen en buien inoar ôf. De westewyn is frij krêftich oant krêftich, by de kust lâns hurd oant stoarmich. Yn buien is der earst op ‘e nij kâns op swiere wynstjitten. It wurdt 4 graden.

Tiisdei wikselje sinne en buien, miskien wol mei heil, inoar ôf. De wyn komt út it westen en is frij krêftich oant krêftich, by de kust lâns hurd oant stoarmich. De temperatuer leit om de 6 graden hinne.

Woansdei feroaret der net folle oant it waar. It wurdt stadichoan in bytsje rêstiger.

Warskôging: Troch de hurde wyn en de kâns op swiere wynstjitten moatte dielnimmers oan it ferkear oppasse.

Jan Brinksma

febrewaris 10, 2020 18:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.