Waarpraatsje: Rûge nacht

febrewaris 18, 2020 20:25

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in kreaze dei mei op guon plakken in buike. Der stie wol wer in stive wyn. Wy krije in rûge nacht mei buien en in soad wyn.

Oan de ein fan tiisdeitejûn en yn it begjin fan ‘e nacht falle der flinke buien, miskien wol mei tonger. Letter yn ‘e nacht wurdt it drûch en binne der ek inkelde opklearringen. De súdwestewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd, miskien wol efkes stoarmich. Yn buien is der kâns op (swiere) wynpûsten. Yn ‘e rin fan ‘e nacht giet de wyn nei it westen oant noardwesten en jout him wat del. It wurdt 4 graden.

Woansdei wikselje sinne en bewolking inoar ôf. Der kin noch in bui falle. Yn ‘e middei rekket de loft wer berûn. De westewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt in graad as 7.

Tongersdei is it myld en reint it sa út en troch.

Jan Brinksma

 

febrewaris 18, 2020 20:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.