Waarpraatsje: Rêstich en drûch

febrewaris 6, 2020 18:00 Fernijd

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tongersdei wer in rêstige en drûge dei mei wol in soad bewolking. Freed is der, nei alle gedachten, mear sinne.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is de loft berûn. De swakke wyn giet nei it suden oant súdeasten en de temperatuer leit in pear graden boppe it friespunt.

Freed is de loft earst noch berûn mar geandewei soe de sinne ek flink skine moatte. Hoe let oft dat krekt barre sil, is dreech te sizzen. De wyn komt út it súdeasten en is matich. It wurdt 7 graden.

Sneon is it noch rêstich en, sa goed as, drûch. Snein wurdt in tige rûge en wiete dei mei kâns op in súdwesterstoarm. Der is boppedat kâns op tige swiere wynstjitten.

Jan Brinksma

febrewaris 6, 2020 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.