Waarpraatsje: Oanhâldend ûnlijich

febrewaris 11, 2020 17:30

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei op ‘e nij in tige rûzige dei mei earst noch flink wat rein en letter winterske buien. It bliuwt ûnlijich.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. Der falle ek inkelde buien, miskien wol mei heil, wiete snie en in klap tonger. Der stiet noch hieltyd in flink stik wyn út it westen. By de kust lâns is boppedat kâns op swiere wynstjitten. It wurdt 3 graden.

Woansdei falle der inkelde buien, miskien wol wer mei heil, wiete snie en tonger. De sinne sil sa út en troch ek te sjen wêze. De westewyn is frij krêftich oant krêftich, by de kust lâns stoarmich. Dêr is ek noch kâns op swiere wynstjitten. Yn ‘e rin fan ‘e dei jout de wyn him wat del. It wurdt in graad as 6.

Nei woansdei bliuwt it ritich.

Jan Brinksma

febrewaris 11, 2020 17:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.