Waarpraatsje: Oanhâldend rûch

febrewaris 9, 2020 20:10

foto © Jan Brinksma

Sneintejûn falle der inkelde swiere buien, miskien wol mei tonger en heil. Yn de buien is der kâns op tige swiere wynstjitten. Yn ‘e rin fan ‘e jûn jout de wyn him in lyts bytsje del. It wurdt 9 graden.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei bliuwt it rûch waar mei in krêftige oant stoarmige weste- oant súdwestewyn en de hiele nacht kâns op swiere wynstjitten. Letter yn ‘e nacht falle der ek wer buien, op ‘e nij mei kâns op tonger en heil.

Moandei oerdei is it ek rûzich mei in krêftige weste- oant súdwestewyn, by de kust lâns stoarmich, miskien wol efkes stoarm. De kâns op swiere wynstjitten bliuwt ek. Yn ‘e moarntiid en tsjin ‘e jûn falle der buien. It wurdt 8 graden.

Tiisdei stiet der ek noch in soad wyn.

Warskôging: Sneintejûn, -nacht en moandei is de kâns op (tige) swiere wynstjitten grut.

Jan Brinksma

febrewaris 9, 2020 20:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.