Waarpraatsje: Oan de kâlde kant

febrewaris 26, 2020 18:57

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in tige mylde winter is it no inkelde dagen oan de kâlde kant. Der is boppedat kâns op wat winterske delslach.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. Der falle ek noch wat winterske buien. Letter yn ‘e nacht rekket de loft berûn. De súdwestewyn is swak oant matich. By de kust lâns stiet wat mear wyn. De temperatuer leit om it friespunt hinne.

Tongersdei is de loft berûn en letter kin it wat reine. In bytsje wiete snie is net hielendal útsletten. De swakke oant matige wyn komt út ferskate rjochtingen. Letter op ‘e dei wurdt de wyn noardwest en boazet er wat oan. It wurdt net folle waarmer as 4 graden.

Freed is in rêstige dei mei net folle delslach. De temperatuer giet ek wer wat omheech.

Jan Brinksma

febrewaris 26, 2020 18:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.