Waarpraatsje: Myld, ritich en rûzich wykein

febrewaris 28, 2020 20:46

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei inkelde wat kâldere dagen krije wy no in (tige) myld mar ritich wykein.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is de loft berûn en kin it earst noch wat reine. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. De temperatuer sil geandewei de nacht oprinne en wurdt in graad as 7.

Sneon is de loft berûn en yn ‘e middei en jûn falle der buien. De sudewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. Yn buien is der kâns op swiere wynpûsten. Letter giet de wyn nei it súdwesten en boazet by de kust lâns oan. De temperatuer leit om de 10 graden hinne.

Snein feroaret der net folle oan it waar. Mei 9 graden is it op ‘e nij myld en by in frij krêftige oant krêftige súdwestewyn bliuwt it ek net drûch. Boppedat sille wy de sinne it hiele wykein net folle sjen.

Takomme wike bliuwt it ritich, mar it wurdt wol wer wat frisser.

Jan Brinksma

febrewaris 28, 2020 20:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.