Waarpraatsje: Moandei sinne en buien

febrewaris 16, 2020 19:30

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in rûzich wykein en foaral snein hiene wy de hiele dei striemin waar. It wie oan de mylde kant mar yn Fryslân wol in stik frisser as yn it grutste part fan Nederlân. Op guon plakken yn it suden waard it goed 17 (!) graden. It bliuwt foarearst ritich.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei binne der opklearringen en wurdt it drûch. De súdwestewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd, miskien wol stoarmich. It wurdt 6 graden.

Moandei is der earst sinne, mar geandewei komme der ek hingelwolken en yn ‘e middei falle der in pear buien, miskien wol mei tonger, heil en wynstjitten. De súdwestewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns krêftich oant hurd, miskien wol stoarmich. De temperatuer leit om de 7 graden hinne.

Nei moandei bliuwt it ritich en sille wy de sinne net folle sjen.

Jan Brinksma

febrewaris 16, 2020 19:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.