Waarpraatsje: Minne tongersdeitejûn

febrewaris 20, 2020 17:55

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tongersdei al wer in dei mei in stive wyn en dêr komt noch gjin ein oan.

Yn ‘e jûn sil it in skoft (hurd) reine en boazet de súdwestewyn oan. Dy wurdt frij krêftich, by de kust lâns hurd, miskien wol efkes stoarmich. Der is boppedat kâns op swiere wynpûsten. Yn ‘e jûn giet de wyn nei it westen.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is it drûch en binne der opklearringen. De wyn jout him wer wat del en it wurdt in graad as 4.

Freed wikselje sinne en bewolking inoar ôf. Yn ‘e rin fan ‘e middei rekket de loft berûn en kin it wat reine. De súdweste- oant westewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich en yn it Waadgebiet sa út en troch hurd. It wurdt 8 graden.

Yn it wykein is it tige ritich en noch hieltyd rûzich.

Jan Brinksma

febrewaris 20, 2020 17:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.