Waarpraatsje: Minder wyn

febrewaris 12, 2020 18:34

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie woansdei allegear wat rêstiger as earder dizze wike. Der foelen noch wol wat buikes, mar de sinne leit him ek sjen. Tongersdei reint it in skoft.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is der bewolking en der kin noch in bui falle, mar in opklearring is ek net útsletten. De súdweste- letter sudewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit om it friespunt hinne.

Tongersdei is de loft berûn en sil it in skoft reine. Wat wiete snie is ek net hielendal útsletten. Yn ‘e rin fan ‘e middei falle der inkelde flinke buien, miskien wol mei heil, tonger en wynstjitten. De wyn giet nei it súdeasten en wurdt matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. Yn ‘e middei giet de wyn nei it súdwesten en jout him wat del. Folle waarmer as 5 graden sil it net wurde.

Freed wurdt in rêstige en drûge dei. It is dan ek wat mylder. It wykein sjocht der min út.

Jan Brinksma

febrewaris 12, 2020 18:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.