Waarpraatsje: Kreaze freed

febrewaris 13, 2020 18:04

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in minne, wiete en kâlde tongersdei. Freed bliuwt it drûch, mar yn it wykein is it wer ritich en rûzich.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is de loft berûn en kin it sa út en troch noch wat (sto)reine. In inkelde opklearring is ek net hielendal útsletten. By in swakke oant matige weste- oant noardwestewyn leit de temperatuer om de 3 graden hinne.

Freed is de loft berûn mar bliuwt it, nei alle gedachten, drûch. De sinne sille wy hast net sjen. De wyn giet fan it westen nei it súdwesten en is swak oant matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt 7 graden.

It wykein sjocht der ritich en wiet út en boppedat hellet de wyn wer flink oan. It wurdt mei goed 10 graden wol tige myld.

Jan Brinksma

febrewaris 13, 2020 18:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.