Waarpraatsje: Kâns op in bui

febrewaris 17, 2020 19:02

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie moandei in kreaze dei en it bleau yn it grutste part fan Fryslân drûch. Tiisdei wurdt ek net in minne dei.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf. Der kin ek in bui falle. De westewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant hurd. It wurdt in graad as 4.

Tiisdei wikselje wat sinne en bewolking inoar op ‘e nij ôf en letter op ‘e dei is der kâns op in bui. Mei in matige oant frij krêftige, by de kust lâns krêftige oant hurde súdwestewyn is it noch hieltyd rûzich. It wurdt 7 graden.

Woansdei feroaret der net folle oan it waar.

Jan Brinksma

febrewaris 17, 2020 19:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.