Waarpraatsje: Hjerst yn ’e winter

febrewaris 21, 2020 16:23

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – De winter fan 2019/2020 is ien lange hjerst en oan it ritige en rûzige waar komt foarearst gjin ein. It wykein sjocht der op ‘e nij min út.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is de loft berûn en kin it sa út en troch wat reine. De wyn komt út it súdwesten en is matich oant frij krêftich, by de kust lâns krêftich oant hurd, miskien wol stoarmich mei kâns op swiere wynpûsten. It wurdt in graad as 6.

Sneon is de loft berûn en reint it sa út en troch. De súdwestewyn is frij krêftich oant krêftich, by de kust lâns hurd oant stoarmich mei kâns op swiere wynstjitten. It wurdt 9 graden.

Snein sjocht it waar der noch minder út. De loft is op ‘e nij berûn en it bliuwt wis net drûch. Der kin flink wat reinwetter falle by in stive súdwestewyn. It is mei in graad as 9 wol wer te myld foar de tiid fan it jier.

Takomme wike bliuwt it ritich en tige rûzich. It wurdt geandewei wol in hiel lyts bytsje kâlder. Oant de earste wike fan maart is fan maitiid folslein gjin sprake.

Jan Brinksma

febrewaris 21, 2020 16:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.