Waarpraatsje: Gjin winter, gjin maitiid

febrewaris 19, 2020 18:57

De slûs by Broek is noch hieltyd ticht. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wol mar gjin winter wurde, mar wier maitiidswaar is ek noch fier fuort. Tongersdei wurdt wer in dei mei in stûfe wyn.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei rekket de loft berûn en letter (sto)reint it in skoft. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om de 4 graden hinne.

Tongersdei is de loft berûn en op guon plakken soe it sa út en troch wat storeine kinne. Yn ‘e jûn kin it efkes flink reine. De wyn komt út it súdwesten en is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd mei kâns op swiere wynpûsten. It wurdt in graad as 8.

Freed bliuwt it drûch en der is, nei alle gedachten, wat mear sinne.

Jan Brinksma

febrewaris 19, 2020 18:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.