Waarpraatsje: Gjin grutte feroaringen

febrewaris 23, 2020 18:00

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie ritich, it is ritich en it bliuwt ritich. Nei in strieminne snein sjocht it waar der foar moandei ek net goed út.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei binne der earst opklearringen, mar letter rekket de loft wer berûn. It bliuwt wol drûch. De weste- oant noardwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich en yn it Waadgebiet krêftich. Yn ‘e rin fan ‘e nacht giet de wyn nei it súdwesten en jout him wat del. It wurdt in graad as 3.

Moandei is de loft berûn en falt der sa út en troch (sto)rein. Yn ‘e rin fan ‘e dei kin it wat hurder reine. De sudewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. Yn ‘e middei giet de wyn nei it súdwesten en wurdt frij krêftich oant krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar hurd oant stoarmich. Der is boppedat kâns op wynpûsten. Mei 10 graden is it op ‘e nij tige myld foar de tiid fan it jier.

De oare dagen fan ‘e wike bliuwt it ritich en rûzich.

Jan Brinksma

febrewaris 23, 2020 18:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.