Waarpraatsje: Freed earst kreas

febrewaris 27, 2020 19:23

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in wiete tongersdei, mar freed sjocht it der wol kreas út. Yn it wykein is it wer myld en it bliuwt oanhâldend ritich.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed binne der opklearringen. De wyn komt út it westen oant súdwesten en is swak oant matich. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet earst noch wat mear wyn. De temperatuer leit om it friespunt hinne.

Freed skynt de sinne, mar geandewei de dei rekket de loft berûn en yn ‘e jûn set it op in reinen. De wyn giet nei it suden en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. It wurdt in graad as 6.

Yn it wykein is it myld (sneon tige myld) mar ek nochal wat hinne en wer.

Warskôging: Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed en freedtemoarn kin it op guon plakken glêd wurde.

Jan Brinksma

febrewaris 27, 2020 19:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.