Waarmterekôr op lêste dei jannewaris

febrewaris 1, 2020 09:41

Yn De Bilt is freed it earste waarrekôr fan it jier metten. It waard 12,5 graden, in temperatuer dy’t op 31 jannewaris noch nea metten wie. It âlde rekôr stamde út 1990, doe’t it 12,0 graden waard. Dat berjochtet Weerplaza.

Foto: pixabay.com

Waarman Michiel Severin seit dat it rekôr fan freed goed yn de trend fan it opwaarmjende klimaat past. Dat laat yn ’e winter net ta folle hegere temperatueren. It rekôr fan juster is mar goed in graad heger as it rekôr dat krekt in iuw earder fêstige waard, doe’t it yn De Bilt 11,2 graden waard.

De simmerrekôrs fan de lêste jierren binne ekstremer. Dy binne faak twa oant fjouwer graden heger as de rekôrs út de earste helte fan de foarige iuw. Dat komt trochdat yn ’e simmer de ynfloed fan de sinne grutter is. Deirekôrs yn ’e winter hingje faak gear mei de súdwestewyn. Dat is ek by it rekôr fan freed sa, doe’t in sterke súdwestewyn ekstreem mylde lucht oanfierde.

Yn trochsneed is jannewaris wol folle mylder as yn de foarige iuw, trochdat it tal kâlde en tige kâlde dagen folle minder wurden is. De kommende dagen wurde gjin nije deirekôrs ferwachte, hoewol’t it wol tige myld bliuwt. It deirekôr foar hiel febrewaris stiet sûnt ferline jier op 17,5 graden.

Lês ek it waarpraatsje fan ús waarman Jan Brinksma foar it wykein.

febrewaris 1, 2020 09:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.