VANLA úteinset mei bosklânbou yn Achtkarspelen

febrewaris 11, 2020 10:06

De Feriening foar Agrarysk Natuer- en Lânskipsbehear yn Achtkarspelen (VANLA), Van Hall Larenstein, Nordwinkolleezje, Lânskipsbehear Fryslân, Kennissintrum foar Natuer en Leefomjouwing en Stichting Wrâldfrucht binne úteinset mei in fjouwerjierrich projekt yn de gemeente Achtkarspelen mei as titel ‘Beamwâl as apoteek foar fee en boarne fan bioferskaat’.

Earste Keamerlid Joop Atsma plante de earste apoteekbeam (foto: Marcel van Kammen/VANLA)

It docht bliken dat in lânbousysteem dêr’t fee, njonken gers, ek blêden en tûken fan beammen en strûken ta him nimt, in protte foardielen opsmyt. Dy beammen en strûken tsjinje dan as apoteekfunksje foar it fee, want de bisten krije ekstra en fariearder plantstoffen, mineralen, spoare-eleminten en fitamines. Sûner fee betsjut yn ’e regel minder sykte en soarget foar in better bistewolwêzen, mar jout tagelyk ek in ekonomysk foardiel foar de boer. Op ekologysk flak leveret in beamwâl mei in protte fariaasje ek foardielen op, lykas it ferminderjen fan stikstof- en CO2-útstjit en it opkreazjen fan it kultuerlânskip yn De Wâlden.

Joop Atsma spruts it publyk ta by Mts Bloemhoff yn Surhústerfean (foto: Marcel van Kammen/VANLA)

Fjirtjin boeren fan de VANLA dogge mei oan it projekt
Yn de gemeente Achtkarspelen dogge fjirtjin boeren fan de VANLA mei oan it projekt. Hja sille harren apoteek foar it fee útwreidzje troch besteande oanplant op de perselen te ferrykjen mei mear plantesoarten of in nij lânskipselemint oan te lizzen. It projekt moat kennis opsmite dy’t op de praktyk rjochte is, sadat letter mear boeren dat ymplemintearje kinne yn harren bedriuw. Dêrneist wurdt in kennisbank oanlein dy’t foar elkenien frij tagonklik is. De earste oanset dêrfoar stiet online op www.snoeivee.nl. Dêr stiet alle ynformaasje oer it projekt. De foarderingen, aktiviteiten en boekte resultaten mei it projekt binne ek op dy side te sjen.

Inisjatyfnimmers en partners socht
It projekt is in inisjatyf fan de VANLA en dy wurket gear mei boppeneamde partijen. Studinten fan Van Hall Larenstein en Nordwinkolleezje dogge ûnder begelieding fan dosinten ûndersyk en KCNL stipet de earste faze fan it projekt finansjeel.

febrewaris 11, 2020 10:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.