Utrikking ‘Bosatlas fan de duorsumens’

febrewaris 28, 2020 08:58 Fernijd

Ofbylding: Noordhoff

Freed 28 febrewaris nimme learlingen fan it Bogerman Kolleezje yn Snits as earste skoalle yn Fryslân de Bosatlas van de duurzaamheid yn ûntfangst. Hja krije de atlas út hannen fan deputearre Sander de Rouwe, Houkje Rijpstra fan Feriening Sirkulêr Fryslân en Peter Vroege, útjouwer fan Bosatlassen Noordhoff.

De Bosatlas fan de duorsumens bringt ûnderwerpen yn it tema duorsumens letterlik en figuerlik op ’e kaart. Wat is de ynfloed fan de minske op de ierde, op it klimaat, op it opreitsjen fan grûnstoffen, ferlies oan bioferskaat en tekoart oan swiet wetter? Feriening Sirkulêr Fryslân en de provinsje hawwe oan de atlas meiwurke. Alle skoallen yn it fuortset ûnderwiis krije de atlas oanbean, mei dêrby in lespakket oer duorsumens.

De skoalle yn Snits kriget de earste eksimplaren om’t dy al in protte mei it tema docht. Foarôfgeand oan de útrikking hâldt in tal learlingen in presintaasje oer duorsumens. Dêrnei sille se mei de oanwêzigen yn petear oer de besprutsen tema’s.

febrewaris 28, 2020 08:58 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.