Tekst fan Tiny Mulder yn koarprogramma frijheidsbetinking ‘Dear World’

febrewaris 12, 2020 09:09

Yn it ramt fan it betinken fan 75 jier frijheid bringt it keamerkoar Het Cantoor in spesjaal programma ‘Dear World’. Dat sil op trije plakken útfierd wurde; yn Snits op sneon 15 febrewaris, yn Dronryp op snein 16 febrewaris en yn Ljouwert op sneon 22 febrewaris. Betinke, besinne en treaste wurde, dat binne de wurden dy’t by it programma passe. Hjirûnder in koarte yndruk fan it programma.

‘I got rhythm’ fan George Gershwin – sa wie yn it earstoan de naïve foaroarlochske sfear: swingend en ûnbesoarge. Dat feroaret hommels as de oarloch mei syn waansin útbrekt yn
‘Soms wurd ik wekker nachts’, in stik foar koar en marimba, komponearre troch Tjalling Wijnstra. Rekke troch it gedicht fan Tiny Mulder – de dichteresse dy’t yn de Twadde Wrâldoarloch yn it ferset siet – skreau Wijnstra de muzyk dy’t by gelegenheid fan dit programma yn premjêre giet.

Yn ‘A soldier’s mother’s lullaby’ skreau komponist Eriks Esenvalds de woede oer de jonge stjerrende soldaten fan him ôf.
‘Abendlied’ fan Josef Gabriel von Rheinberger is in smeekbea: ‘Bleib bei uns , denn es will Abend werden’.
‘A bronze tryptich’ is in trijelûk fan komponist Dan Forrest oer it winnen fan koper en tin foar de fabrikaazje fan kanonnen. Dy wurde omsmolten ta klokken dy’t úteinlik yn in jubelsang útbarste, mar net earder as der frede foar elkenien is.

Yn it ‘Stabat Mater’, ek fan Von Rheinberger, besjongt it koar it fertriet fan de mem dy’t sjocht dat har soan stjert.
In ‘Noarsk sliepsankje’ fan Gunnar Eriksson jout treast en gerêststelling: wês net bang, myn bern, gûl net en sliep mar sêft.
‘Walkers with the dawn’ fan Luke D. Rosen is in fitaal oerlibbingsliet dêr’t de moed fan de minske yn trochklinkt.

De marimba wurdt bespile troch Arjan Jongsma. It gehiel stiet ûnder lieding fan de fêste dirigint Tjalling Wijnstra.

De útfieringen binne op
15 febrewaris, 20.00 oere yn de Fermanje yn Snits,
16 febrewaris, 15.30 oere yn de Alde Wite yn Dronryp
22 febrewaris, 20.00 oere yn de Doarpstsjerke fan Huzum yn Ljouwert

Tagongspriis € 12,50 (oant 15 jier € 5,00). Kaarten binne te reservearjen op www.hetcantoor.nl en telefoanysk op 06 2412 1857.

febrewaris 12, 2020 09:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.