Taske mei guod fan goed 200.000 euro foar Oscar-nominearren

febrewaris 8, 2020 10:28

In cruise op in lúks jacht, piperdjoere kosmetyske behannelingen en in 24-karaats gouden e-sigaret. De goodiebag foar de Oscar-nominearren is mei in priiskaartsje fan sa’n 200.000 euro dit jier weardefoller as ea.

Ofbylding: pixabay.com

Neffens Lash Farry, dy’t mei syn bedriuw al achttjin jier de ynhâld fan de taskes fan it filmprizefestival gearstalt, wiene bedriuwen dit jier ekstra happich om de tas te foljen. Syn ferklearring is: it kadopakket wurdt nei in elitegroep stjoerd mei dêryn inkeld de tweintich akteurs en fiif regisseurs dy’t kâns meitsje op de meast prestisjeuze filmpriis. Bedriuwen wolle neat leaver as harren produkten ferbine oan de wichtichtste trendsetters fan de wrâld.

De djoerste ‘goodie’ dit jier is in cruise fan tolve dagen op in lúks jacht, mei in wearde fan goed 70.000 euro. Folge troch antlitferjongingsbehannelingen fan sa’n 18.000 euro. Under de tachtich kado’s yn ’e tas sitte ûnder oare handige apparaatsjes en klean.

De Oscars wurde snein útrikt yn Los Angeles. De film Joker makket mei alve nominaasjes kâns op de measte gouden byldsjes yn ûnder oare de kategoryen bêste film en bêste skript.

febrewaris 8, 2020 10:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.