Tal problemen mei fleantúchbagaazje nimt ta

febrewaris 2, 2020 09:02 Fernijd

Wrâldwiid hawwe fleantúchpassazjiers hieltyd faker te krijen mei bagaazjeproblemen. It tanimmende oantal ferlerne, skansearre of fertrage bagaazjestikken is al sûnt 2014 sichtber. Dat en mear konkludearret Taxi2Airport Nederlân, dat oan ’e hân fan in resint SITA-rapport de wrâldwide problematyk mei bagaazje analysearre.

Foto: pixabay.com

Tal problemen mei bagaazje nimt ta
Yn 2013 wie wrâldwiid noch sprake fan in probleem mei 22 miljoen stiks bagaazje. Dat oantal is yn 2018 oprûn ta 24,8 miljoen bagaazjestikken. Dêrby giet it benammen om problemen mei ferfier (46 persint), problemen mei laden (16 persint) en flaters mei kaartsjes en/of befeiliging (ek 16 persint). Yn totaal rekket ‘mar’ fiif persint fan de bagaazjestikken mei problemen yndie ferlern of stellen. Yn 2018 kaam dat wrâldwiid del op goed 1,24 miljoen bagaazjestikken.

Bestriding fan bagaazjeproblematyk
De problemayk is grutter yn Europa (7,3 miljoen stiks bagaazje) as yn Noard-Amearika (2,85 miljoen stiks bagaazje) en Azië (1,8 miljoen stiks bagaazje). Dy ferhâldingen binne gelyk bleaun sûnt 2007.

Oerkoepeljende loftfeartorganisaasjes, lykas de International Air Transport Association (IATA) besykje, mei de ynset fan RFIC-tsjips en it oanbieden fan mobile applikaasjes oan fleantúchreizgers, problemen mei bagaazje tebek te kringen mei dy nije soarten technologyen.

Besjoch de oare befinings út de analyze op it webloch fan Taxi2Airport.

febrewaris 2, 2020 09:02 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.