Súd-Koreaanske film ‘Parasite’ wint Oscar foar bêste film

febrewaris 10, 2020 09:57

De film Parasite wûn snein as earste net-Ingelsktalige film de Oscar foar bêste film, de wichtichste kategory. De film wie nominearre foar seis Oscars, in rekôroantal foar in bûtenlânske film.

Foto: Wikipedia/BDS2006 (talk) – CC BY-SA 3.0

Regisseur Bong Joon-ho wie út de skroeven doe’t er oan it begjin fan de jûn syn Oscar foar bêste film yn ûntfangst nimme mocht. Ta elk syn ferrassing krige er dêrnei ek de Oscar foar bêste rezjy oerlange. Hy fersloech dêrmei Sam Mendes mei 1917. Dy film koe mar trije fan de tsien nominaasjes fersulverje.

Parasite fertelt it ferhaal fan in earme húshâlding dat deryn slagget om it libben fan in rike famylje te ynfiltrearjen. De film wûn earder yn Cannes al de Gouden Palm. Ofrûne wike waard it de bêst besite Aziatyske film ea yn Nederlân mei mear as 200.000 besikers.

Joaquin Phoenix helle mei Joker ien fan de twa Oscars fan dy film binnen. De oare Oscar wie foar de muzyk fan de Yslânske komponist Hildur Guðnadóttir. Renée Zellweger wûn in Oscar foar bêste froulike haadrol yn Judy, in film oer it libben fan Judy Garland. Marriage Story levere Laura Dern har earste Oscar foar froulike byrol op. Brad Pitt wûn syn earste Oscar as akteur foar syn byrol yn Once upon a time… in Hollywood.

febrewaris 10, 2020 09:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.