Stefan van der Pal swimt Alvestêdetocht fan 2 july ôf

febrewaris 15, 2020 08:54

Stefan van der Pal set op tongersdei 2 july 2020 om 16.00 oere útein mei syn Alvestêdeswimtocht. Hy giet te wetter by Stedsskouboarch De Harmonie, yn selskip fan 111 meiswimmers. Ljouwert is dêrmei it iennichste plak dêr’t meiswimmen mooglik is. Stefan sil neffens ferwachting op snein 5 july by it WTC WestCordhotel yn Ljouwert oer de einstreek komme.

Stefan van der Pal (foto: Marianne Faber)

It platfoarm dêr’t aksjes en donaasje op oanmeld wurde kinne is al lansearre: www.itgietmal.nl. Skoallen wurde oproppen yn aksje te kommen foar bern mei slimme sykten, en ek partikulieren en bedriuwen kinne har stientsje bydrage. De opbringsten fan de Cityswim by de start yn Ljouwert gean dêr ek hinne. It startskot op 2 july wurdt jûn troch de kommissaris fan de Kening Arno Brok, van it Steatejacht ôf.

Stefan kundige earder al oan dat er de tocht “oarsom” swimt: earst nei Dokkum. By de earste Alvestêdetocht, 111 jier lyn, waard dy rûte ek riden. Hy sil de tocht swimme njonken (net efter) in elektryske sloep, mei dêryn syn begeliedingstiim.

Takom wike stiet der wer in pittige trening op it programma: 72 oeren swimme yn swimbad Kealledykje. By dy trening kin Stefan (sport)fieding teste en der stean ek medyske testen op it programma. Dy meunstertrening is te folgjen fia sosjale media:

www.facebook.com/elfsteden.zwemtocht
www.twitter.com/itgietmal
www.instagram.com/elfstedenzwemtocht

febrewaris 15, 2020 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.