Spitzer-teleskoop is mei pensjoen

febrewaris 16, 2020 09:02

De missy fan de Spitzer-teleskoop van NASA is in pear wike lyn beëinige. De teleskoop waard yn 2003 lansearre. Doe waard tocht dat dy 2,5 jier operearje soe, mar dat is úteinlik sechtjin jier wurden. De Spitzer hat in tipke fan de wale optild fan in protte ferburgen objekten yn hast alle hoeken fan it universum, skriuwt NASA. Fan in nije ring om Saturnus hinne oant observaasjes fan de fierste bekende stjerrestelsels.

De Spitzer-teleskoop (ôfbylding: NASA/JPL-Caltech)

De romteteleskoop is in satellyt bûten de atmosfear dy’t dêr foto’s makket fan it universum mei in ynfrareadkamera. Dêrmei kinne foarmen fan ljocht fêstlein wurde dy’t troch in normale kamera of mei it bleate each net te sjen binne. De Spitzer is ien fan de fjouwer great observatories fan NASA, mei de Hubble-teleskoop, it Compton Gamma Ray Observatory en it Chandra X-ray Observatory. Eltse teleskoop fotografearret oare foarmen fan ljocht of strieling: ynfraread, ultrafiolet, gammastrieling, röntgenstrieling en ‘gewoan’ ljocht.

De teleskoop hat de stjerrekunde in protte kennis brocht oer saneamde ‘eksoplaneten’, planeten dy’t om in oare stjer as de sinne hinne draaie. It wie ynearsten net de bedoeling om de satellyt op dy wize te brûken, mar tanksij oanpassingen hat de teleskoop fier boppe syn oarspronklike ferwachtingen prestearre, seit NASA.

Op 30 jannewaris swaaide de teleskoop offisjeel ôf.

febrewaris 16, 2020 09:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.