Slûsjild (ferhaal)

febrewaris 15, 2020 07:00

Resint ferskynd

Slûsjild

Anne Molles wie jierren lyn op de Gordyk in ferneamd fiskerman. Wat dy man wol net belibbe hie… In Fryske Von Münchhausen. Alle wiken siet er sneontejûns yn de skearwinkel te swetsen dat de stikken derôf fleagen. Mar ienris hawwe se him troeve mei al syn ligerij. Doe’t er wer ris alderôfgryslikst oan it swetsen wie oer de ielfiskerij, sei bakker Japik dat net allinnich ielen mar ek snoeken hiel wat mânsk wiene.

“Fan ’e moarn hie ik nochal yntiids it brea út de ûne en ik helle de stokdweil efkes troch de bakkerij. Ik rin nei de feart om it ding út te spielen en krekt haw ik dat dien of dêr fersjit my in snoek. Ik fansels as de wjerljocht myn fiskersark helje en mei in froask oan de heak smyt ik yn. In pear kear by de wâl lâns en ja, hy byt. Foarsichtich oanslaan, en stadich oanheljend bûch ik sa fier as it kin foaroer en dêr faIt my rinkeldekink in gûne út de bûse, yn it wetter. De snoek tige skrokken docht in slach mei syn sturt en hy is fuort. De gûne en de froask ek…

Efkes letter kuierje ik wer ris nei de feart en lit my dêr dy snoek oan de oare kant fan de slûsdoarren, noflik yn it sintsje lizze! Ik sis sa by mysels: Japik, no ûntkomt er dy net wer! Ik ha gelok en nei wat skreppen en stinnen krij ik it bist op ’e kant. Fan myn libben hie ik sa’n snoek net sjoen! Gau nei efteren en tameitsje. En wat tochten jimme dat der útkaam. No? De gûne? Wolnee, man, fyftjin stoeren. It bist hie nammentlik troch de slûs west en it hie kreas syn kwartsje slûsjild betelle.”

Yn de Gordykster kontreien wie dit yn de fjirtiger jierren in bekende grap. Jangerben Mulder fûn him werom yn it tydskrift Nieuw Friesland fan 19 maart 1949.

De Gordykster slûs. Tekener ûnbekend.

febrewaris 15, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.