Sirkulêre skulptueren te sjen yn it Frysk Museum

febrewaris 27, 2020 08:52 Fernijd

Fan 15 febrewaris o/m 17 maaie 2020 is yn it Frysk Museum Tenant of Culture: I forgot to tell you I’ve changed te sjen. Yn de útstalling presintearret Hendrickje Schimmel (Arnhim, 1990) klean as skulptuer. Dêr spilet duorsumens in wichtige rol by. Om stelling te nimmen tsjin it fergriemen yn de moadeyndustry makket Schimmel nije klean út restmateriaal, by need mei de sûkeladeplakken der noch op. Fan Westernlearzens, makke fan platstrutsen âlde skuon oant in jas út twaddehânsk learen tassen. Fodden krije in twadde libben en wurde yn Schimmel har hannen stoffen keunstwurken.

‘Tenant of Culture’, 2019, courtesy Nicoletti Contemporary (foto: Frysk Museum)

Hendrickje Schimmel hat Fryske woartels en wennet en wurket no yn Londen. Se wurket ûnder de namme Tenant of Culture, ûnder oare om kommentaar te leverjen op de merkkultuer en it fergriemen yn de moadeyndustry. As ‘hierder fan kultuer’ sjocht hja harsels mear as ‘postproducer’ of foddegarder as as autonome keunstner. ‘Ik nim by wize fan sprekken alderhande aspekten fan de kultuer yn brûklien om der myn ynterpretaasje oan te jaan.’ Dêrby bekroadet hja har net om konvinsje; it materiaal bepaalt de snit en in rits sit net altyd op it gebrûklike plak. Oan ien stik troch freget hja har ôf: hoe bepale wy wat opslein wurde moat, reparearre, beskerme en bewarre?

Aktiviteiten
Hanne Hagenaars is de kurator fan Tenant of Culture: I forgot to tell you I’ve changed. Hja is sûnt 1 maaie 2019 wurksum as konservator moderne en hjoeddeiske keunst fan it Frysk Museum yn Ljouwert. Salang’t de útstalling duorret jout hja in pear eksklusive rûnliedingen. It  museum organisearret snein 22 maart ek in sirkulêre middei, dy’t yn it teken stiet fan de keunst fan it ‘Upcycling’.

Bio
Tenant of Culture is de artistike praktyk fan Hendrickje Schimmel. Yn 2012 behelle hja har bachelor Fashion Design oan ArtEZ Hogeschool voor de Kunsten, Arnhem en yn 2016 har master yn Mixed Media oan de Royal College of Art, Londen. Har wurk wie earder te sjen yn: Climate | Change at Clearview, Londen (FK, 2017); Works and Days yn Outpost Gallery yn Norwich (FK, 2018) en Sample Sale presintearre troch 650 mAh in Paris Internationale, Parys (FR, 2018), Metamorphosis. Art in Europe Now, Fondation Cartier, Parys (FR, 2019).

febrewaris 27, 2020 08:52 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.